Springe nei ynhâld

Dirk Antonie Nicolaas Margadant

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan D.A.N. Margadant)
Dirk Antonie Nicolaas Margadant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 22 febrewaris 1849
stoarn 26 oktober 1915
wurkpaad
berop/amt arsjitekt
bekendste
  wurk(en)
Den Haach HS (1891, twadde stasjon) en Haarlim (1906, fjirde stasjon)

Dirk Antonie Nicolaas Margadant (De Haach, 22 febrewaris 1849Amsterdam, 26 oktober 1915) wie in Nederlânske arsjitekt; hy ûntwurp ferskate stasjonsgebouwen foar de Hollandsche IJzeren Spoorweg-Maatschappij (HIJSM).

Margadant kaam yn 1870 yn tsjinst by de boukundige ôfdieling fan de HIJSM. Hy ûntwikkele him dêr ta arsjitekt. Yn 1874 ûntwurp er syn earste stasjon, de lytse halte Maartensdijk. Yn syn karriêre ûntwurp er foar de HIJSM in searje stasjonsgebouwen, dêr 't Den Haach HS (1891, twadde stasjon) en Haarlim (1906, fjirde stasjon) de wichtichste foarbylden fan binne.

Margadant syn iere ûntwerpen binne yn de styl fan de Delftske renêssânse. It leit yn 'e reden dat Margadant him dy styl eigen makke fia it wurk fan Christiaan Posthumus Meyjes sr., dy ’t tusken 1880 en 1887 as arsjitekt foar de HIJSM wurksum wie. Margadant ûntwurp yn 1884 tegearre mei Posthumus Meyjes it haadkantoar fan de HIJSM yn Amsterdam. Meyjes wie ferantwurdlik foar de bûtengevels fan it gebou, Margadant ûntwurp it oare, ynklusyf de gevels om it binnenplak hinne. [ 1 ] Yn it lettere wurk fan Margadant wurdt mear de ynfloed fan H.P. Berlage sichtber.

Margadant hie ek in pear opdrachten bûten de HIJSM om. Hy fergrutte bygelyks yn 1899-1900 it Amstel Hotel mei in ekstra ferdjipping.

Karút syn ûntwerpen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: