Oktopusblomkoalkwab
| oktopusblomkoalkwab | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Rhizostoma octopus | ||||||||||||
| Gmelin, 1791 | ||||||||||||
| IUCN-status: net beoardiele | ||||||||||||
De oktopusblomkoalkwab (wittenskiplike namme: Rhizostoma octopus), foarhinne bekend as de cuvierblomkoalkwab of Cuviers blomkoalkwab (Rhizostoma cuvieri), is in netteldier út 'e klasse fan 'e skiifkwabben (Scyphozoa), de famylje fan 'e blomkoalkwabben (Rhizostomatidae) en it skaai fan 'e echte blomkoalkwabben (Rhizostoma).
Der is net in protte oer dizze soarte kwab bekend. De oktopusblomkoalkwab waard foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1791, troch de Dútske biolooch en taksonoom Johann Friedrich Gmelin. Dizze soarte is nau besibbe oan 'e folle bekendere seepoddestoel (Rhizostoma pulmo).
De oktopusblomkoalkwab komt it measte foar yn It Kanaal, de Noardsee en it noardeastlike diel fan 'e Atlantyske Oseaan oant en mei de Noarske See. Ien fan syn wichtichste natuerlike fijannen is de learskyldpod (Dermochelys coriacea). Oktopusblomkoalkwabben binne foar de fiskerij fan belang as in natuerlike boarne fan kollageen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |