Springe nei ynhâld

Cornelius Rogge (1932-2023)

Ut Wikipedy
Cornelius Rogge (1932-2023)
keunstner
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 desimber 1932
berteplak Amsterdam
stoarn 17 jannewaris 2023 (90 jier)
stjerplak Eerbeek
wurkpaad
streaming (meast) abstrakt
offisjele webside
RKD-profyl

Cornelius (Cor) Hendrik Rogge (Amsterdam, 21 desimber 1932Eerbeek, 17 jannewaris 2023) wie in Nederlânske byldhouwer, ynstallaasjekeunstner en tekener.

Cornelius Rogge waard grutbrocht yn in teosofysk gesin en de teosofy behearske syn opfettingen oer libben en dea.

Rogge studearre fan 1950 oant 1952 it Instituut voor kunstnijverheidsonderwijs (de lettere Gerrit Rietveld Akademy) yn Amsterdam. Fan 1955 oant 1957 studearre er oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten yn Amsterdam. Hy krige yn 1971 de American Cassandra Award en yn 1986 de David Röell Priis fan it Prins Bernhard Cultuurfonds foar hiel syn oeuvre. Wat byldhouwen oanbelanget wie er autodidakt. Rogge wie dosint oan de Academie voor Kunst en Vormgeving St. Joost yn De Bosk (1972) en de Gerrit Rietveld Akademy yn Amsterdam (1986-1988).

Rogge wie in fertsjintwurdiger fan de moderne keunst út it tiidrek nei de Twadde Wrâldoarloch. Syn wurk is oanwêzich yn de wichtige Nederlânske keunstmusea. Syn Windzuil stiet yn Amsterdam Nij-West, syn Piramide yn Amsterdam-Súd. By gelegenheid fan syn 45 - jierrige keunstnerskip waard er yn 2005 beneamd ta Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Yn 2012 fernijde er de kommisje-Deetman de twongen kastraasje fan Henk Heithuis. [1]

Foar de Brummenske útjouwerij De GeitenPers makke hy yn 2015 tekeningen by it ferhaal fan Wim Brands, De onverharde weg. Tegearre mei Geert Voskamp wurke er yn 1016 op oan twa publikaasjes foar deselde útjouwerij: hy skreau it ferhaal De vlindervanger en makke tekeningen by Voskamp syn Langs het kanaal.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Velden, F.J. van der, Beelden tussen hemel en Aarde. De visionaire wereld van Cornelius Rogge (doktorale tese, 1987)
  • Reitsma, Monique, Desintegratie en transformatie. (proefskrift, 1993)
  • Hefting, P., Oxenaar, R., Pelsers, L., Katalogus: Rogge, Beelden - overzichtstentoonstelling. (Ryksmuseum Twinte, Enschede, 1999)
  • Fernhout, R. & Huizing, C., Het Nederlandse Kunstboek. 500 jaar Nederlandse kunstenaars (Waanders útjouwers, 2000)