Wim Brands

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Wim Brands
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Wim Brands yn 2015
Wim Brands yn 2015
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 29 maart 1959
berteplak Brummen
stoarn 4 april 2016 (57 jier)
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Dichter, programmamakker, sjoernalist
medium Radio, telefyzje
bekend fan VPRO-telefyzjeprogramma Boeken
jierren aktyf 1978-2016

Wim Brands (Brummen, 29 maart 1959Amsterdam, 4 april 2016) wie in Nederlânsk dichter, sjoernalist en presintator.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Brands waard berne en opbrocht yn Brummen. Yn 1978 wie Brands syn debút as dichter yn it Hollands Maandblad fan K.L. Poll; hy wie doe 19 jier. Syn wurk ferskynde yn literêre tydskriften en hy publisearre de dichtbondels Inslag (1985), Koningen, de gehavende (1990), Zwemmen in de nacht (1995), In de metro (1997), De schoenen van de buurman (1999), Ruimtevaart (2005), Neem me mee, zei de hond (2010) en 's Middags zwem ik in de Noordzee (2014). Op 26 jannewaris 2012 ferskynde by Compaan Utjouwers syn karlêzing De vijftig beste gedichten van Wim Brands en yn april 2017 de Verzamelde gedichten, bondels mei net-publisearre materiaal mei in neiwurd fan Thomas Verbogt.

Brands wurke foar de Nederlânske omrop VPRO fan 1987 ôf oan. Fan Wim Noordhoek learde er it fak[1] en tegearre betochten se it radioprogramma De Avonden, mar Brands wie it meast bekend as presintator fan it telefyzjeprogramma Boeken. In programma mei in ferlykbere foarm ûnder syn lieding op Radio 1 wie Brands met boeken.

Brands wurke as sjoernalist foar it Leidsch Dagblad en Vrij Nederland. Fan 2010 ôf wie er ferbûn oan de Schrijversvakschool Amsterdam as dosint poëzy en foardracht en yn septimber 2012 fersoarge er, nei Marcel Möring en Pieter Steinz, foar boekhannel Donner yn Rotterdam it boekeprogramma Brands in Donner.

Brands wie foar it lêst as presintator fan Boeken te sjen op 20 maart 2016. Op 4 april 2016 die Brands himsels te koart. Hy waard 57 jier.

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: