Henk Heithuis
Henk Heithuis | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1935 | |
stoarn | 28 oktober 1958 | |
stjerplak | Oud Ade | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Seeman | |
reden bekendheid |
Seksueel misbrûk troch de klearus |
Henk Heithuis (1935 - Oud Ade (Súd-Hollân), 28 oktober 1958) wie in Nederlânske learling op in katolike kostskoalle en slachtoffer fan seksueel misbrûk dy't letter kastrearre waard.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de skieding fan syn âlden waard Heithuis op in ynternaat yn Súd-Nederlân pleatst. Yn it katolike ynternaat yn Harreveld (Gelderske Achterhoeke) krige er beropsûnderwiis fan 1950 oant 1953.[1]
Misbrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 30 jannewaris 1956 die Heithuis oanjefte tsjin de bruorren fan it ynternaat yn Harreveld; hy sei dat er mear as ien kear seksueel misbrûkt west wie. Ek yn 1955, doe't er al klear wie mei syn oplieding, gong er yn it wykein werom nei de skoalle, omdat er net nei de famylje koe. Ek yn dy wykeinen waarden seksuele hannelingen dien tusken de bruorren en Heithuis [2].
Kastraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de oanklacht waard Heithuis der fan beskuldige de bruorren ferlieden te hawwen. Dêrnei waard er opnommen yn de roomsk-katolike psychiatryske ynstelling Hûs Padua. Hy waard omskreaun as perfersk. By wize fan "behanneling" waard er kastrearre. De operaasje wie yn it Sint-Jozef Sikehûs yn Veghel. Heithuis wie doe 20 jier en neffens it Nederlânske rjocht fan dy tiid minderjierrich.
Libben nei de kastraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Heithuis waard seeman. Hy hie lêst fan de psychologyske en hormonale effekten fan de kastraasje. Yn 1957 melde er him by it Nederlânske Konsulaat yn Kobe, Japan, dêr't er fan board gong. Mei help fan IJsbrand Rogge, dy't doe wurksum wie by in Nederlânsk bankfiliaal yn Japan, kearde Heithuis werom nei Nederlân. Hy wie fan doel om in juridyske en publisitêre kampanje te begjinnen tsjin it ûnrjocht dat him oandien wie.
Heithuis ferhelle IJsbrand Rogge en syn broer Cornelius Rogge, destiids 24 en 27 jier âld, yn dat jier oer syn libben as in bern yn de katolike ynstellings. De bruorren Rogge seagen ea it skeinen fan syn genitaliën; neffens de bruorren "wie alles wei". Heithuis die yn 1957 opnij oanjefte, dit kear op grûn fan de kastraasje.
Heithuis kaam yn 1958 om it libben by in autoûngemak. De plysje naam al syn persoanlike besittings en de dokuminten dy't gearhongen mei de oanjefte yn beslach en ferneatige se noch op de dei fan syn dea. Heithuis hie Cornelius Rogge frege syn ferhaal iepenbier te meitsjen as him wat oerkomme soe. Yn 2012 melde Rogge de twongen kastraasje fan Henk Heithuid oan de kommisje Deetman dy't it seksueel misbrûk yn de Roomsk-Katolike Tsjerke ûndersocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|