Cornelia Johanna van den Berg-Van der Vlis

Ut Wikipedy

Cornelia Johanna van den Berg-Van der Vlis (De Haach, 28 oktober 1892 - Vries, 8 septimber 1944) wie in fersetsstrydster yn de Twadde Wrâldkriich.

Van den Berg wie aktyf yn it Fryske ferset. Har fersetsnamme wie "Annie Westland". Se wie aktyf as lid fan de OD en LO yn Ljouwert. Hja wie haadkoerierster yn Fryslân fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers. Troch ferrie waard se doe't se koerierstsjinsten yn Utert die der oppakt oan de Alde Grêft op 9 augustus 1944 yn in pân dat krekt dêrfoar troch de Sicherheits Polizei ynnomd wie. Se setten in mûklist foar Van den Berg op. Nei har arrestaasje waard se fia Ljouwert nei Grins brocht. Se is tagelyk mei ds. L. Touwen fusillearre yn de omkriten fan it doarp Vries, by Assen. Se wie widdo fan kapitein fan 'e ynfantery Christiaan Frederik van den Berg dy't al in jier earder troch de Dütsers deamakke wie.

Nei de oarloch waard Van den Berg by Keninklik Beslút fan 25 july 1952 ûnderskieden mei it Fersetskrús 1940-1945. Ek krige se it Fersetsbetinkingskrús. Yn Ljouwert binne in flat en in strjitte nei har neamd, de Annie Westlandflat[1] en de Annie Westlandstrjitte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nufoto.nl. Sloopt yn april 2009.