Chiltern Hills
Appearance
De Chiltern Hills of Chilterns is de namme fan in hichterêch yn súdeast-Ingelân, likernôch healweis Londen en Oxford, fan sa'n 74 km lang en oant 18 km breed. Sy rinne yn súdwest-noardeast rjochting fan de Teems in Oxfordshire oer Buckinghamshire oant Dunstable yn Bedfordshire.
De hichten besteane út kryt en binne part fan de saneamde Chalk Group ('kalkgroep'), dêr't ek it Isle of Wight en de South Downs part fan binne. It heechste punt fan de Chiltern Hills, Haddington Hill, leit op 267 m boppe seenivo by Wendover. Ta de rivieren dy't yn de Chilterns ûntspringe behearre ûnder oaren de Lea, Ver, Misbourne, Chess en Gade.
Stêden yn de Chiltern Hills en omkriten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Amersham
- Beaconsfield
- Berkhamsted
- Chesham
- Dunstable
- Hemel Hempstead
- Henley-on-Thames
- High Wycombe
- Luton
- Princes Risborough
- Reading
- Tring
- Wendover
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Chilterns Conservation Board
- (in) Chiltern Society