Springe nei ynhâld

Charlie Chaplin

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Charles Chaplin)
Charlie Chaplin
akteur
Charlie Chaplin
Charlie Chaplin
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sir Charles Spencer Chaplin jr.
nasjonaliteit Britsk
berne 16 april 1889
berteplak Londen
stoarn 25 desimber 1977
stjerplak Vevey (Switserlân)
jierren aktyf 1899–1976
prizen Academy Awards, Erasmuspriis
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
Charlie Chaplin yn "The Kid"

Charlie Chaplin, folsleine namme (Sir) Charles Spencer Chaplin jr. (Walworth, Londen, 16 april 1889Vevey, Switserlân, 25 desimber 1977) wie in Ingelske artyst. Hy wie akteur, filmregisseur, komponist en komyk. Syn films The Gold Rush, City Lights, Modern Times en The Great Dictator komme faak foar op listen fan de bêste films fan alle tiden.

Chaplin wie in soan fan Charles Chaplin en Hannah Harriette Hillin, dy't beide by rûnreizgjende toanielselskippen wienen. Syn âlden giene al rillegau nei syn berte út elkoar en Chaplin bleau by syn mem. Lytse Charlie en syn hjelbroer Sydney waarden lykwols troch mem útbestege oan in earmhûs (workhouse), mar nei in pear wiken waarden hja oerbrocht nei in skoalle foar wezen en bern dy't yn de steek litten wienen yn Hanwell. Letter ûntdekten sy dat se in hjelbroer hienen, George Dryden (31 augustus 1892 - 30 septimber 1957), in soan fan harren mem, ek in akteur dy't letter oan 't wurk gie foar Charlie.

Yn 1910 emigrearre er nei de Feriene Steaten. Heit Chaplin wie alkoholist en stoar doe't Charlie 12 wie, mem waard mâl yn de holle en moast letter opnaam wurde yn in gesticht, it Cane Hill Asylum by Croydon. Sy stoar yn 1928.

Stomme films wiene oeral yn de wrâld like ienfâldich te begripen, dat Charley waard in wrâldstjer. Chaplin's reputaasje taande stadichoaan wei mei de opgong fan de lûdsfilm; syn krêft wie no krekt it stil spyljen. Yn de tiid fan it McCarthyisme yn de F.S. waard er beskuldige fan "anti-Amerikaanske aktiviteiten" (hy soe kommunist wêze). By de promoasje fan syn film Limelight (1952) yn Ingelân besleat er út reden fan swierrichheden mei de Amerikaanske Ymmigraasjetsjinst, J. Edgar Hoover liet Chaplin bespionearje, nei Switserlân te gean.

It is net al te bekend dat Chaplin neist akteur en regisseur ek komponist wie. Hy skreau ûnder mear solowurk foar cello en de filmmuzyk foar syn film 'Modern Times', en it wrâldferneamde nûmer 'Smile'.

Houliken en bern

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Chaplin hat fjouweris troud west (en hie tsientallen ferhâldings) mei:

  • Mildred Harris; hja krigen in soan: Norman Spencer Chaplin (bynamme: "The Little Mouse"); hy stoar as baby.
  • Lita Grey; hja krigen in soan Sydney.
  • Paulette Goddard, wie gjin wetlik houlik.
  • Oona O'Neil. Dochter fan toanielskriuwer Eugene O'Neill. Charlie wie doe 54 en Oona skraachwurk 18. It houlik skynt lokkich west te hawwen. Hja krigen trije soannen: Christopher, Eugene en Michael Chaplin en fiif dochters: Geraldine (ek in bekend aktrise), Josephine, Jane, Victoria en Annette-Emilie Chaplin. Oona stoar nei jierren fan alkoholmisbrûk, yn 1991 oan alfleisklierkanker.
  • In 1954 ûntfong Charlie de priis fan de Ried foar Wrâldfrede. It jild joech er oan de earmelju fan Parys en Londen.
  • In 1965 ûntfong Charlie Chaplin fan Prins Bernhard yn Rotterdam de Erasmuspriis
  • In 1971 waard Charlie troch Parys bekroane mei de Grande Medaille de Vermeil.
  • In 1972 krige Chaplin in Academy Honorary Award foar syn hiele oeuvre.
  • In 1975 waard Charlie Chaplin ridder slein troch keninginne Elizabeth II.

Charlie Chaplin stoar yn 'e sliep yn 1977 yn de iere moarn fan earste krystdei oan in hertstilstân en wie doe 88 jier.

Op 8 maart 1978 waard syn lyk stellen. It doel wie losjild te krijen, dat mislearre en de dieven waarden arrestearre. It lyk waard 11 wiken letter weromfûn by it Mar fan Genêve en opnij begroeven ûnder 180 sm beton.[1]

Charlie Chaplin syn folsleine filmografy is te finen yn de Ingelsktalige Wikipedy, hjir

Bylden fan Chaplin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bylden fan Chaplin: (f.l.n.r.) 1. Trenčianske Teplice, Slowakije; 2. Chełmża, Poalen; 3. Waterville, Ierlân; 4. Londen, Feriene Keninkryk; 5. Haiderabad, Yndia; 6. Alassio, Italië; 7. Barcelona, Spanje; 8. Vevey, Switserlân

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuw leven in Charlies landgoed, Volkskrant, Henk Strabbing, 18 oktober 2003