Springe nei ynhâld

Mildred Harris

Ut Wikipedy
Mildred Harris

Mildred Harris (Cheyenne, 29 novimber 1901 - Hollywood, 20 july 1944) wie in Amerikaansk aktrise.

Nei in houlik mei Charlie Chaplin, krige sy letter in ferhâlding mei de Prins fan Wales, Edward VIII fan it Feriene Keninkryk.

Harris waard berne yn Cheyenne, Wyoming. Har âlden wiene telegrafist Harry Harris en Anna Parsons Foote. Harris makke har earste filmdebút doe't se tsien jier wie yn de koarte westernfilm The Post Telegrapher út 1912, regissearre troch Francis Ford en Thomas H. Ince. Nei dy film spile se ferskate jeugdrollen, faak tegearre mei berne-akteur Paul Willis. Yn 1914 waard se oannaam troch The Oz Film Manufacturing Company om Fluff te spyljen yn The Magic Cloak of Oz en Button-Bright yn His Majesty, the Scarecrow of Oz. Yn 1916, hja wie doe 15 jier, spile se in haremfamke yn Griffiths film Intolerance.

Yn de jierren tweintich makke Harris de oerstap fan berne-aktrise nei haadrollen mei Conrad Nagel, Charley Chase, Milton Sills, Lionel Barrymore, Rod La Rocque en de bruorren Moore, Owen en Tom. Se spile yn Frank Capra's stomme drama The Power of the Press út 1928 mei Douglas Fairbanks jr. en Jobyna Ralston, en yn itselde jier spile se yn Universal Pictures earste lûdsfilm Melody of Love mei Walter Pidgeon.

Se fûn de oergong nei lûdsfilms dreech en har karriêre fertrage bot. Se trede op yn vaudeville en burlesque en gie op in stuit op toernee mei de komyk Phil Silvers. Se waard troch kritisy priizge foar har optreden yn de ferfilming fan de Broadway-musical No, No Nanette út 1930. Yn de komeedzje Movie Maniacs fan The Three Stooges út 1936 spile se in filmstjerke dat skrikt fan Curly Howard as er in lúsjefer oanstekt op de soal fan har foet.

Harris bleau yn it begjin fan de jierren fjirtich yn films spyljen, foar it grutste part troch de freonlikens fan Cecil B. DeMille, dy't har lytse rollen joech yn Reap the Wild Wind út 1942 (mei Paulette Goddard, dy't krekt as Harris ea mei Charlie Chaplin troud wie) en The Story of Dr Wassell út 1944. Har lêste filmrol wie yn de postúm útbrochte film Having a Wonderful Crime út 1945.

Filmografy (kar-út)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: