Lita Grey

Ut Wikipedy
Lita Grey

Lita Grey (berne as Lillita Louise MacMurray; Hollywood, 15 april 1908 - 29 desimber 1995) wie in Amerikaansk aktrise en de twadde frou fan Charlie Chaplin. Sy wie in dochter fan in Meksikaanske mem en in heit út in famylje fan Iersk komôf.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grey troude fjouwer kear. Fan har tolfde wurke hja foar de studio fan Charlie Chaplin yn Hollywood. Doe't se 16 jier wie, yn 1924, tocht hja dat Charlie Chaplin har swier makke hie; hy wie doe 35. Chaplin boaske har yn it ferhoalene yn Empalme, Meksiko om in skandaal en in rjochtssaak foar te kommen. Sy krigen twa bern, Charles Chaplin, Jr. (1925–1968) en Sydney Earle Chaplin (1926–2009).

It houlik wie fan begjin ôf oan gjin súkses. Chaplin soarge dat er at it heal koe net thús wie; hy wurke yn dy tiid hurd oan The Gold Rush (dêr't Grey de frouljus haadrol yn hawwe soe) en letter oan The Circus. It pear gie augustus 1927 út elkoar. Chaplin soe tal fan ferhâldings mei froulju hân hawwe en waard feroardiele ta it beteljen fan $600.000 oan har en nochris $100.000 it bern. Earder wie noch nea sa'n slompe jild easke by in skieding; in skieding dy't oars breed útmetten waard yn de media.

Letter boaske sy oan Henry Aguirre, dêrnei Arthur Day en doe Pat Longo (skieding folge juny 1966).

Yn de jierren 70 en 80 wurke hja as klerk by Robinson's Department Store yn Beverly Hills.

Sy skreau twa autobiografyen oar har libben mei Chaplin. My Life With Chaplin (1966) wie, sei hja sels, oerdreaun en foar in part optocht, mar de twadde, Wife of the Life of the Party (1995), soe it wiere ferhaal befetsje.

Grey waard troch Deborah Moore spile yn de 1992 film Chaplin, hoewol't de sêne mei Grey oars mar krapoan in minút duorre yn de einferzje fan de film.

Chaplin biograaf Joyce Milton wol hawwe dat it houlik Grey-Chaplin Vladimir Nabokov him mei ynspirearre ta it skriuwen fan Lolita.

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Unknown Chaplin (1983) (TV)
  • The Devil's Sleep (1949)
  • Seasoned Greetings (1933)
  • Mr. Broadway (1933)
  • The Idle Class (1921)
  • The Kid (1921)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]