Cees de Jong
Cees de Jong | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Cornelis Johannes de Jong | |
berne | 12 febrewaris 1869 | |
berteplak | De Jouwer | |
stoarn | 19 desimber 1955 | |
stjerplak | Sint Nyk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | ûndernimmer |
Cornelis (Cees) Johannes de Jong (De Jouwer, 12 febrewaris 1869 – Sint Nyk, 19 desimber 1955) wie in ûndernimmer fan De Jouwer.
Jeugd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kees wie de soan fan ûndernimmer Johannes Hessels de Jong (1833-1888) en Theodora Kortenhorst (1837-1875). Op 1 augustus 1893 troude hy mei Petronella Barbara Allegonda Maria Bloemen (1871-1916). Se krigen trije soannen en fiif dochters. Nei it ferstjerren fan syn frou troude Kees op 9 april 1929 mei Feikje Lijcklama à Nijeholt (1879-1942). Dit houlik bleau sûnder bern De jongesjierren fan de yn roomske-katolike tradysje opgroeide Kees de Jong sieten fol mei fertriet. Yn tolve jier tiids stoaren efterinoar syn fjouwer moannen âlde suske (1871), syn mem (1875), syn styfmem (1880), syn broer en op it lêst syn heit (beide yn 1883), sadat Kees en syn fiif jier âldere suster yn dat jier al wees efterbleaunen. Boppedat hie in grutte brân yn 1881 in grut diel fan it âlderlik bedriuw, de Firma Weduwe Douwe Egbertzoon – in beskieden tabakskerverij en koffiebaarnderij, anneks winkel – yn de Midstrjitte foar it grutste part yn de jiske lein. Yn 1898 waard troch Johannes Hessel de Jong de earste stien lein fan it nije pakhûs efter Midstrjitte 99, it lettere Johannes Hesselhûs.[1] Kees gie nei it ferstjerren fan syn heit net werom nei it troch de jezuïten late ynternaat 'St. Louis' yn Sittard, dêr’t hy, nei de legere skoaltiid op De Jouwer, foar fergrutting fan syn talen- en hannelskennis op skoalle sitten hie. Hy krige by it haad fan de Frânske skoalle op De Jouwer noch privee-lessen yn de talen, mar doe waard al dúdlik dat de keapmanswiisheid him mear ynteressearre as boekewiisheid. De as foud oer him en syn minderjierrige suster oanstelde Snitser keapman Alexander Brenninkmeyer - in broer fan Kees syn styfmem – gie lykwols noch seis jier troch mei it mei likwidaasje bedrige famyljebedriuw fan de De Jong.
Undernimmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 7 augustus 1889 waard de doe tweintichjierrige Kees de Jong mearderjierrichheid ferliend, sadat hy folslein hannelingsfoech krige. Dêrmei waard er winliken eigener fan de "Firma Weduwe Douwe Egbertszoon", dêr't om 1880 sa'n 12 feinten wurken.[2] It earste desennium fan De Jong syn ûndernimmerskip stie yn it teken fan útwreiding en klantebining. Hy reizge winkellju en mooglike klanten ôf yn stêden en doarpen yn midden- en súd-Fryslân. Syn ûndernimming krige geandewei mear en mear regionale betsjutting. Ek gie hy net omlizzen foar in tal yngreven maatregels, lykas de bou fan in lossteand bedriuwsgebou efter de besteande kofjebaarnderij en it yn tsjinst nimmen fan fertsjintwurdigers. Wichtiger noch wie de Jong syn beslissing yn 1912 om it groeiende bedriuw- fergelike mei 1881 wie de omset fan kofje en tabak wyls mear as fertrijefâldige – út de buorren fan De Jouwer te ferpleatsen. Kofjebaarne en tabak kerve barden sûnt jannewaris 1913 yn in troch De Jong oankochte en ferboude eardere bûterfabryk en oaljeslaggerij, krekt bûten de beboude kom. De oanfier fan grûnstoffen en de ekspedysje fan de makke produten oer de dyk en it wetter ferrûnen dêr folle ienfâldiger, en mooglike útwreidingsplannen soenen makliker wurde. Tee – in oant dan ta net botte gongber produkt – wûn yn dy tiid oan betsjutting; de teemêlearderij en -ferpakkerij krigen in plak yn it frijkomde âld fabryk en soene dêr oant 1933 bliuwe.
Utwreiding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In koerswiziging mei fiergeande betsjutting foar de takomst fan it bedriuw wie de beslissing om yn Utert om 1917 hinne in twadde fêstiging te begjinnen. Om syn produkten flotter by de konsumint te krijen keas De Jong foar in sintraler lizzend plak yn Nederlân. Mar ek de tsjinwurking fan de lokale oerheid, dy’t hy nei syn miening bytiden ûnderfûn hie op De Jouwer, sil ta it ûnferwachte beslút - De Jong wie tige op Fryslân steld – bydrûgen ha. Wylst syn âldste soan Johan, yn dat jier oantrede as meidirekteur yn it bedriuw (en op De jouwer bleau), sette 'mynhear C.J.' of 'de âlde', sa’t hy bekend stie, yn 1919 mei in njoggental meiwurkers de Utertske fêstiging op poaten. Hy ferhuze doe nei it midden fan it lân: yn 1919 nei Driebergen-Rijsenburg, yn 1927 nei Hilfertsom. It feit dat syn frou ferstoarn yn 1916 ferstaorn wie sil ta it fertrek út De Jouwer, mei al syn herinneringen, bydrûgen ha. Neist de fêstigingen yn De Jouwer en Utert waarden ek lytsere filialen iepene yn Amsterdam (1923), Den Haag (1924) en letter en yn Dútslân. Ynearsten yn Betzdorf tichtby Siegen (1927), sûnt 1933 yn it tichter by de grins lizzende Kleef.
It bedriuw yn Nederlân dat wyls ûnder de âlde famyljenamme 'Douwe Egberts' bekend stie, naam no in grutte flecht: de omset yn alle trije ôfdielings – kofje, tee en tabak – en it oantal wurknimmers groeide alle jierren, mei troch nije reklameaktiviteiten. Dêrby gie it net allinnich om de wênstige advertinsjekampanjes, mar ek troch de yntroduksje fan de saneamde ‘tajeftereklame’ mei in jierlikse kalinder (fanôf 1920) en it destiids unike geskinkesysteem (sûnt 1924). Mar ûndanks alle keapmansgeast en útwreidingstwang wie De Jong opmerklik genôch wat behâldend oer relatyf lytse ûnbetsjuttende feroarings. 'Folders' bleane foar him libbenslang 'struibiljetten', de merknamme 'D.E.' mocht foar him nea de folsleine namme 'Douwe Egberts' ferkringe, en plannen foar de bou fan in nije tabaksfabryk yn Utert kearde hy om 1926 op mei syn persoanlike feto, omdat yn syn riddenaasje 'de echte Friesche Heerenbaai ook echt yn Fryslân makke wurde moast' (sitaat by Van der Zee, Winkelnering , 113). Hoewol’t hy as direkteur-eigener fan it bedriuw dúdlik fiele liet wa’t de baas wie, koe De Jong yn de omgong, ek mei it personiel ek tige gemoedlik wêze. It Frysk praten demonstrearre dêrby de bining mei syn bertegrûn. Lange tiid koe hy alle wurknimmers by namme en bemuoide him mei alles wat him yn de fabryksgebouwen ôfspile.). Dochs koe 'mynhear C.J.' tsjin syn personiel ek tige ympulsyf wêze en net altyd taktfol reageare. Hy wie faak koart foar de kop en ûngeduldich, wat foar insiders te werkennen wie at syn ûnôfskiedlike bolhoed wat efter op syn holle drukt wie. Yn de omgong mei oaren spilen dy karaktereigenschappen him wolris parten. Oan poehaskopperij en flaaikerij hie De Jong it mier; wol hie hy ear foar it fakkundich oardiel fan inkele troch him achte meiwurkers. It wichtichste wie lykwols in tefreden klant: 'Der moat goed guod levere’ gou dêrom as syn liifspreuk.
Lettere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De saak wie – amper fjirtich jier nei de driigjende opheffing – troch de enerzjike oanpak fan De Jong útgroeid ta in bedriuw mei nasjonale bekendheid en betsjutting. Foar De Jong hie de ekspânsje fan de ûndernimming lykwols ek in skaadkant. Hy hie tsientallen jierren wend west om alinnich beslissings te nimmen (mooglik mei in gefolch fan yn al jong 'op-himsels-te stean') en moast no geandewei mear minsken neist him duldzje. Yn 1929 wie hy trouwens nei syn bertegrûn werom gien (soan Johan gie doe nei Utert). Fiif jier letter sette hy him ta wenjen yn it tichtby De Jouwer lizzende Sint-Nyk, dêr’t hy it lânhûs Donia State kocht hie. Hoewol’t De Jong it oant syn ferstjerren altyd oer 'myn fabryk' hân hie en him oant op hege leeftyd hast alle dagen fan de gong fan saken yn de Jouster fêstiging op de hichte hâlde liet, wie de deistige lieding fan it famyljebedriuw oan de ein fan de tritigerjierren yn hannen fan syn beide soannen Johan en Egbert oergien. Hy wie in echte famyljeman, en it sil him sear dien ha dat beide soannen dy’t him yn de lieding fan it bedriuw opfolgen, harren eigen ynsichten folgen en syn advizen faak yn de wyn sloegen. Om 1930 waard troch Jan Sluijters in skilderij fan De Jong makke.[3] Persoanlik fertriet bleau De Jong ek yn lettere jierren net besparre. Syn twadde frou stoar yn 1942 en trije jier letter ûntfoel him syn prystersoan Piet, dêr’t hy tige wiis mei wie en mei wa’t hy as leauwich katolyk, faak oer it leauwe praatte. Neist húshâlding en famylje hie De Jong ek omtinken foar oare saken. Hy wie lange tiid tsjerkemaster fan de roomske parochy op De Jouwer (1898-1919, 1933-1934), makke muzyk (sang en oargel) en mocht graach op it wetter wêze. Sa liet er yn 1909 in syljacht bouwe. Yn 1953 wie De Jong noch tsjûge fan it twadde iuwfeest fan 'Douwe Egberts' en mocht hy noch meimeitsje dat oan it bedriuw it predikaat 'Keninklike' ferlkiend waard. By dy jubileumfiering waard De Jong as de 'twadde stichter' fan it famyljebedriuw betitele. Twa jier letter ferstoar hy op 'Donia State'. De Jong hâlde by it werom sjen op syn libben gauris foar: 'Indien ge, jong zijnde loopt, kunt ge oud rijden'[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|