Johannes Hesselhûs
Johannes Hesselhûs | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | De Jouwer | |
adres | Gieljittersstrjitte 1 | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1898 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 514073 |
It Johannes Hesselhûs is in earder pakhûs oan de Gieljittersstrjitte 1 op De Jouwer. It ryksmonumint waard boud yn 1898 as ûnderdiel fan it bedriuw Douwe Egberts. Johannes Hessel de Jong, letter fabryksdirekteur, lei yn 1898, op fjouwerjierrige leeftyd, de earste stien fan it pakhûs.
It yn tradisjoneel-ambachtlike styl boude pakhûs stie yn de tún fan it hearehûs Midstrjitte 99 mei dêryn de kofjebaarnderij en tabakskerverij. De gebouwen wiene eigendom fan famylje de Jong, de neisieten fan Douwe Egberts. Oant 1913 waard yn it pân wurke, dêrnei waard dit fabryk yn Sniksweach iepene. De teepakkerij bleau oant 1933 yn it pakhûs dat doe ek nei Sniksweach ferhuze.
Sûnt 1976 wurdt it pakhûs as haadgebou brûkt troch museum De Jouwer. It Hesselhûs stiet oan in dearinnende feart mei oanlissteger fanút it Hurdspytsje Yn tachtiger jierren fan de foarige iuw waard oan de súdkant fan it pakhûs in ferbiningswei oanlein tusken de Gieljittersstrjitte en de Lynbaanstrjitte, wêrtroch 't it pakhûs los kaam te stean fan de tún fean it hearehûs Midstrjitte 99. It bertehûs fan de grûnlizzer fan it bedriuw, Egbert Douwes, dat yn Jiskenhuzen stie, waard yn 1981 stien foar stien opnij opboud yn de tún by it pakhûs. Doe ’t it pakhûs in museumfunksje krige is der net folle oan feroare. Oan de noardkant is in ferbining makke mei it oanbuorjende pân. Dizze oanbou, it stek oan de passaazje en it bertehûs fan Egbert Douwes hearre net by it ryksmonumint.
Omskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It rjochthoekige pakhûs fan trije boulagen hat in dak mei swarte, weage Fryske dakpannen. De muorren binne oplutsen yn giele bakstien, útsein de súdgevel dy ’t fan reade bakstien is. De bakgoaten steune op klossen.
De eastkant fan it pakhûs grinzet oan it wetter hat twa dûbele tagongsdoarren op strjittenivo, in dûbelde doar op de ferdjipping en in dûbelde doar mei hysbalken yn in dakkapel by de kape. Under binne fiif- en de ferdjipping seis alverúts-finsters yn in stielen kesyn mei stielen roeden, in segmintbôge en in mitsele ûnderdrompel. De stielen ankers fan de ferdjippingsflierren binne sichtber. De westgevel is wakker lyk oan de eastgevel.
Yn de súdgevel sitte twa gevelstiennen. De iene waard lein troch Johannes Hessels de Jong op 16 novimber 1898, de oare by gelegenheid fan de iepening fan it museum op 1 july 1976. Lofts yn de gevel sit op de ferdjipping in dûbele doar. Under binne fjouwer finsters, de earste en twadde ferdjipping hawwe elk trije finsters, identyk oan dy yn de sydgevels. De gevel hat in betonnen plint en in betonnen ôfdeklist by it dak dat rêst op twa oansetstiennen mei in folútmotyf.
De noardgevel hat ûnder in oanbou dy’t in ferbining foarmet mei in buorpân. De earste ferdjipping hat twa finsters, de twadde ferdjipping hat trije finsters.[1]
It pân is opdield yn in pear romten, mar wol sa dat de yngrepene maklik ûngedien makke wurde kinnen. De swiere houten konstruksje en houten ferdjippingsflierren sitte der noch yn.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|