Cees Rienks de Boer

Ut Wikipedy
Cees Rienks de Boer om 1910

Cornelis Rienks (Cees) de Boer (Amsterdam, 3 augustus 1881Beetstersweach, 4 jannewaris 1966) wie gemeentearsjitekt fan Smellingerlân.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Pappegaaiebuert

Yn septimber 1920 wurdt hy troch Evert Rinsema foarsteld oan keunstner Theo van Doesburg. Van Doesburg ûntwerpt in grut tal 'kleuroplossingen' en glês-yn-leadramen foar projekten fan De Boer. It earste projekt dat De Boer en Van Doesburg tegearre útfiere binne in sechtjintal 'middenstânswenten' oan de Toerstrjitte, Easterstrjitte en Houtstrjitte yn Drachten. De ûngewoane kleuroplossing fan dit huzeblok komt De Boer lykwols op stevige krityk te stean. Herman Martin wiist it yn it artikel 'Lelijk Drachten' yn de Dragtster Courant rislút ôf en pleitet foar in 'skientmekommisje'. Yn antwurd dêrop ferdúdlikt De Boer syn redenen om mei Van Doesburg yn see te gean: Stelt men zich voor een geheele straat in “kleuren” als onze trotsche H.B.S., wat zou dit versuffend werken. Wat zou ook dit forsche gebouw veel aan waarde winnen, wanneer het in pittige kleuren was geschilderd; de eentonige gevellap zou dan gaan werken. Om mijn doel te bereiken heb ik mij in verbinding gesteld met den kunstenaar Theo van Doesburg, wiens manier van werken mij den laatsten tijd zeer aantrok. Yn desimber 1921 reizget Van Doesburg út Weimar wei nei Drachten om him dêr op 22 desimber yn de lêzing De kleur in onze woning foar it projekt te ferantwurdzjen.[1] Dit ferhindere lykwols net dat koart dêrnei de 'pappegaaiebuert', sa't it wykje wyls neamd wurdt, troch de gemeente op oanfraach fan de bewenners oerskildere waard.[2]

Untwerpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Middenstânswenten, Toerstrjitte, Easterstrjitte en Houtstrjitte (Pappegaaiebuert), Drachten (1921).[3]
  • Lânbouwinterskoalle (no Agrarysk Underwiis Sintrum Fryslân), Toerstrjitte 12-14, Drachten (1921).[4]
  • Winkelpân, Vogelsang 46, Drachten (1922; ferdwûn).[5]
  • Wenhûs C.R. de Boer, Stasjonswei 52, Drachten (1922; ferdwûn).[6]
  • Kristlike ULO 'Rehobôth' (no Kristlike Skoalmienskip Liudger kolleezje; yn gearwurking mei Theo van Doesburg), Stasjonswei 118, Drachten (1922).[7]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Els Hoek (redaksje; 2000). Theo van Doesburg. Oeuvrecatalogus. Bussum: Utjouwerij Thot (ISBN 9068682555): kat.nr. 670, s. 279-290.
  2. H.R. Heite (redaksje), 'Dada in Drachten', Literair tydskrift, nûmer 9/10 (novimber 1971): s. 5.
  3. Hoek (2000; ISBN 9068682555): kat.nr. 670, side 279-290.
  4. Hoek (2000; ISBN 9068682555): kat.nr. 672, side 296-308.
  5. Hoek (2000; ISBN 9068682555): kat.nr. 680, p. 317.
  6. Hoek (2000; ISBN 9068682555): kat.nr. 681, side 317.
  7. Hoek (2000; ISBN 9068682555): kat.nr. 685, s. 320-327.