Springe nei ynhâld

Cees Greuter

Ut Wikipedy
Cees Greuter
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Cees Greuter
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 19 oktober 1950
berteplak Ljouwert (Fryslân)
stoarn 5 jannewaris 2015
stjerplak Ljouwert (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
sjenre libbensliet
sjongtaal Ljouwertersk, Nederlânsk
grutste hit(s) Ik Bin Sú As Ik Bin
Jouw Stem
Leeuwarder Kroegje
jierren aktyf ±19852015
offisjele webside
www.ceesgreuter.nl

Cees Greuter (Ljouwert, 19 oktober 1950 – dêre, 5 jannewaris 2015), wie in Frysk folkssjonger, dy't fanwegen syn wurk as kontroleur ynsammeling by ôffalferwurker De Omrin ek wol bekend stie as "de Sjongende Jiskeman". Hy song meast yn it Ljouwerterske Stedfrysk, mar ek wol yn it Nederlânsk en it Ingelsk. Greuter wie bekend fan nûmers as Ik Bin Sú As Ik Bin, Jouw Stem en Leeuwarder Kroegje.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cees Greuter waard yn 1950 berne yn in Ljouwerter arbeidersfermidden, en die as jongfeint in protte oan sport. Sa mocht er graach keatse, en ek fuotballe er by de Ljouwerter klub Nicator. Lykas sa'n soad jonges dreamde er fan in karriêre as proffuotballer, mar dat waard him net. Nei't er de ambachtsskoalle dien hie, folge er ynstee in ôfwikseljend wurkpaad as frachtweinsjauffeur, rydynstrukteur en konsjerzje, wêrnei't er yn 'e jierren tachtich by de gemeentereiniging bedarre. Yn dy tiid siet er oerdeis op de jiske-auto, en stied er jûns as barkeeper yn in kafee oan it Skavernek. Dêr sette er útein mei te sjongen, en al rillegau rjochte er mei in pear maten de Leeuwarder Horecaband op.

Greuter syn stadichoan úttynjende repertwaar bestie út libbenslieten en ballades, en om't er in grutte fan fan Elvis Presley wie ek rock 'n roll-ferskes. Hy song yn it Ljouwertersk, it Nederlânsk en it Ingelsk. Geregeldwei trede er op yn it Cambuurstadion, kafee De Prins en it Oranje Bierhuis, en teffens song er ferskate kearen nei ôfrin fan 'e PC, yn Frjentsjer, en by it skûtsjesilen, yn Grou. Yn 2011 wied er ien fan 'e dielnimmers oan it Fryske Cash-projekt, wêrby't Fryske sjongers de lieten fan countryleginde Johnny Cash opnommen yn it Frysk of streektalen út Fryslân. Greuter naam dêrby it nûmer Dinie Is Doad foar syn rekken. Hy wie troud en hie fiif bern en (by syn dea) seis pakesizzers. Begjin 2015 ferstoar er hommels oan in hertstilstân, yn 'e âlderdom fan 64 jier.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Jonker, Ines, Cees Greuter maakte overal een feestje van, yn: de Ljouwerter Krante (rige In Memoriam), 9 jannewaris 2015.
  • 'Zingende Vuilnisman' Greuter overleden, yn: de Ljouwerter Krante, 7 jannewaris 2015.