Nicator (fuotbalklub)
| Nicator | ||||||||||||||||||||||
| Oprjochte | 11 septimber 1932 | |||||||||||||||||||||
| Plak | Ljouwert | |||||||||||||||||||||
| Sportkompleks | Kalverdijkje | |||||||||||||||||||||
| Kompetysje | Sneins fjirde klasse | |||||||||||||||||||||
| ||||||||||||||||||||||
Fuotbalferiening Nicator is oprjochte op 11 septimber 1932 en spilet op sportpark Kalverdijkje. It tenu fan de klup bestiet út in in grien shirt, in wite broek en griene sokken.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nicator waard begjin 1930-er jierren yn de krisisjierren oprjochte troch in groepke jonges dy't wolris in baltsje trapen op it skoalplein oan de Oldegalileën. Under de namme "Jong Feyenoord" skreaune se har yn foar ferskate toernoaien.
Op in toernoai by VV Ljouwert waard de earste priis wûn, dy't bestie út in wedstriidbal. Yn besit fan in echte wedstriidbal besleaten se om in offisjele feriening te wurden. Om't it Fryske Fuotbalbûn (FVB) de al besteande namme "Feyenoord" net goedkarde, waard de namme "Nicator" keazen, ôflaat út it Latyn dat triomfearje betsjut.
Nicator hat yn syn skiednis op ferskate lokaasjes fuotballe, en spilet sûnt 1978 op it Kalverdijkje.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|