Cassell (útjouwerij)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cassell & Co.)
Cassell
algemien
nasjonaliteit Britsk
type publyk
sektor útjouwerij
fêstige yn Londen (Ingelân)
oprjochte 1848
opdoekt 2002
oprjochter John Cassell
opgien yn Orion Publishing Group
offisjele webside
www.octopusbooks.co.uk

Cassell of Cassell & Co. wie in foaroansteande Britske útjouwerij dy't yn 1848 oprjochte waard yn Londen en him yn 'e 1880-er jierren ûntjoech ta in ynternasjonaal operearjend bedriuw. Yn 1998 waard Cassell oernommen troch de Orion Publishing Group, wêrnei't it bedriuw yn 2002 gearfoege waard mei oare ûnderdielen fan dy ûndernimming.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cassell waard yn 1848 oprjochte as útjouwerij troch John Cassell (1817-1865), dy't earder timmerman, hielûnthâldend aktivist en tee- en kofjekeapman west hie. Hy lei him benammen ta op it útjaan fan kranten en tydskriften. Syn earste publikaasje wie op 1 july 1848 de wykliks ferskinende krante The Standard of Freedom, dy't religieuze, politike en kommersjele frijheid útdroech. In oare súksesfolle iere publikaasje wie The Working Man's Friend, in krante bedoeld foar de sljochtwei arbeider. Yn 1851 wreide Cassell syn útjouwerij út troch dêrfoar in diel fan 'e Bell Savage Inn te hieren, in Londenske herberge dy't yn 'e Elizabetaanske Tiid noch in teäter west hie.

Yn 1855 gie Cassell bankrot. Syn útjouwerij en skulden waarden doe opkocht troch Thomas Dixon Galpin út Dorset en George William Petter út Devon, dy't it bedriuw fuortsetten ûnder de namme fan Petter & Galpin. Yn 1858, doe't Cassell him wer ynkocht, kaam it bedriuw Cassell, Petter & Galpin te hjitten. Mei de opname fan in fjirde partner, Robert Turner, waard de namme yn 1878 feroare yn Cassell, Petter, Galpin & Co. En nei de pinsjonearring fan Petter, yn 1883, waard de namme Cassell & Co. Underwilens wie yn 1873 de Bell Savage Inn sloopt om romte te meitsjen foar in spoarfiadukt. Foar de útjouwerij waard doe dêrefter in nij gebou setten.

Yn 1888 kaam Petter te ferstjerren, wylst Galpin, dy't oan doe ta bedriuwslieder west hie, mei pinsjoen gie. Dêrop krige Turner de lieding oer de útjouwerij; hy waard letter opfolge troch sir Thomas Wemyss Reid. Tsjin 'e 1890-er jierren hie Cassell & Co. him útwreide om utens, mei fêstigings yn Parys, New York en Melbourne. Arthur Spurgeon, dy't yn 1905 it stokje fan Wemyss Reid oernaam, ferlei in diel fan 'e focus fan it bedriuw fan it útjaan fan tydskriften nei it útjaan fan boeken. Yn 1923 waard Cassell & Co. in op 'e effektebeurs ferhannele publyk bedriuw, en yn 1933 waarden alle tydskriften oerdien oan Amalgamated Press, sadat Cassell & Co. him tenei inkeld noch wijde oan it útjaan fan boeken.

Yn 1969 waard Cassell & Co. oernommen troch it Amerikaanske bedriuw Crowell, Collier & Macmillan oer (letter omneamd ta Macmillan Inc.). Mei in oare oankeap, de religieuze útjouwerij Geoffrey Chapman, waard Cassell & Co. yn 1982 troch Macmillan oerdien oan CBS, dat Cassell yn 1986 útkeapje liet, wêrnei't it wer in selsstannich bedriuw waard.

Yn oktober 1992 naam Cassell útjouwerij Victor Gollancz Ltd oer fan Houghton Mifflin. Yn desimber 1998 waard Cassel & Co. fannijs oernommen, diskear troch de Orion Publishing Group. Yn 1999 waard de akademyske en religieuze fûnskatalogus oan Cassell & Co. ûntskuord om mei it Amerikaanske bedriuw Continuum de Continuum International Publishing Group te foarmjen. Yn jannewaris 2002 folge de ûntmanteling fan 'e rest fan Cassell, wêrby't de ymprints fan it bedriuw mei dy fan Weidenfeld in nije difyzje fan Orion foarmen ûnder de namme Weidenfeld & Nicolson. Tsjintwurdich oerlibbet inkeld Cassell Illustrated noch as in ymprint fan 'e Octopus Publishing Group.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.