Springe nei ynhâld

Carel Æmilius Els Collot d'Escury

Ut Wikipedy
Carel Æmilius Els Collot d'Escury

Carel Æmilius Els baron Collot d'Escury (Rotterdam, 26 maaie 1779 - Ljouwert, 27 jannewaris 1828) wie in Nederlânsk politikus.[1]

Collot d'Escury, lid fan de famylje Collot d'Escury, wie in soan fan Johan Marthe baron Collot d'Escury (1742-1817), bestjoerder yn Rotterdam en Twadde Keamerlid, en Wilhelmina Christina barones du Tour (1747-1823). Hy waard yn 1814 talitten ta de Eallju fan Fryslân. Hy boaske efterelkoar oan Dido Cecilia fan Echten en Anna Clara Electa baronesse fan Asbeck. Ut it earste houlik hie die fiif bern en út it twadde twa bern.

Collot d'Escury studearre fan 1797 ôf oan Romeinsk- en modern rjocht oan de Hegeskoalle yn Grins, mar makke de stúdzje net ôf. Hij was vanaf 1809 jachtofsier yn Fryslân, waard maire/skout fan Minnertsgea (1811-1816), lid fan de algemiene rie, departemint Fryslân (1812-1813), presidint fan de kantonnale fergadering, kanton Ljouwert (1813) en lid fan de Fergadering fan Notabelen. Fan 1816 oant 1828 wie er grytman fan Barradiel.

Hy waard keazen ta lid fan de Provinsjale Steaten (1814-1817, 1819-1828) en Deputearre Steaten (1814-1816) fan Fryslân. Fan 21 oktober 1817 oant 18 oktober 1819 wie er lid fan de Twadde Keamer. Teffens wie er lid fan it bestjoer fan it Amortisaasjesyndikaat (1817-1828) en fan it Syndikaat fan Hollân (fan 1822 ôf).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. parlement.com