Camminghastate (Aldtsjerk)
Camminghastate, ek Heemstrastate, stie by Aldtsjerk noardwest fan Readtsjerk yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Fan de State is neat werom te finen en stie op lân efter in yn 2010 noch besteande pleats.
Yn de 16e iuw wurdt as earste eigener Einte Bolta neamd, dy't him ek wol Heemstra neamde. Nei him komt Willem Heemstra op de state. De state giert troch fererving en houlik oer yn de famyljes Feitsma, Walta en Cammingha. Sjuck fan Cammingha, soan fan Pieter fan Cammingha en Eelck fan Aebinga lit yn 1563 in grut hûs sette ûnder Aldtsjerk. Hy boaske doe Popck fan Heemstra, dochter fan Feye fan Heemstra en Ebel fan Hemmema fan de yn it tichtbye Oentsjerk steande Heemstrastate. It span sil grif in stik grûn fan heit meikrigen hawwe om in hûs op tte setten. Popck ferstoar yn 1574 en Sjuck wertroude mei Riem fan Galama; syn tredde houlik. Dochs stjert hy sûnder bern yn 1581.
Dêrnei wurdt de state bewenne troch Gerrolt Nicolaes fan Heemstra en syn frou Ath fan Heemstra. Gerrolt wie kaptein yn it leger. Mooglik wie hy dejinge dy't de namme fan it hûs feroarje lit yn Heemstrastate, sa't dy ûnder oare op de kaart fan Schotanus fan 1718 foarkomt. Harren dochter Tzietke fan Heemstra erft it bûtengoed yn de 18e iuw en set har ta wenjen mei har man Feye Haring fan Harinxma thoe Heeg. Feye Haring stamt út de militêre tûke fan de famylje Harinxma. As yn 1779 Feye Haring stjert, wurdt de state net mear bewenne. Syn frou Tzietke stjert op 82-jierige leeftiid yn 1787. Nei har dea waard it "Buitengoed Cammingha-state" ûnder Aldtsjerk mei it stuolte yn de tsjerke te keap oanbean. Dy ferkeap ferrûn net sa flot, want fan 1787 - 1795 stie it hûs leech. Yn 1795 waard it dan einlik ferkocht en in skoft letter ôfbrutsen.
De state stie op de hoeke fan de Kaas Douweswei en de Boswei, krekt binnen de himrik fan Aldtsjerk, gem. Tytsjerksteradiel, op de grins mei Readtsjerk dat yn Dantumadiel leit. It ûnderskrift op de tekening fan Stellingwerf befet dan ek twa fouten. Ten earste wenne de neamde eigener "Antonij van Hettinga" op it tichtbylizzende Eysingastate en ten twadde stie it hûs net yn Dantumadiel. Op dizze tekening wurdt dúdlik dat it om in sealstins giet út de ein fan de fyftjinde of it begjin fan de sechtjinde iuw.
De state stie ek op in omgrêfte terrein, wêrby't allinnich de efterside yn it wetter stie. It hûs wie grif ûnderkeldere en amr ien boulaach heech. Fierder hie de state in skyldkape, mei op de hoeken skoarstiens. Yn 'e midden fan de brede foargevel is in poartefoarmige yngong, dy't nei elle gedachten út de midden fan de 17e iuw komt. Oan beide kanten van de yngong sieten trije smelle ramen.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 16e iuw Einte Bolta
- Willem Heemstra
- famylje Feitsma
- famylje Walta
- famylje Cammingha
- Sjuck fan Cammingha
- Gerrolt Nicolaes fan Heemstra
- - 1782 Tzietke fan Heemstra
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|