Springe nei ynhâld

Caitríona Balfe

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Caitriona Balfe)
Caitríona Balfe
akteur
Balfe by de premiêre fan 'e earste ôflevering fan Outlander, yn New York, yn augustus 2014.
Balfe by de premiêre fan 'e earste ôflevering fan
Outlander, yn New York, yn augustus 2014.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Caitríona Balfe
nasjonaliteit Iersk
berne 4 oktober 1979
berteplak Dublin (Ierlân)
etnisiteit Iersk
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
caitriona-balfe.com

Caitríona Balfe (Dublin, 4 oktober 1979) is in Iersk model en aktrise, dy't bûten har heitelân benammen bekend is as mannekên en troch har fertolking fan 'e rol fan Claire Beauchamp yn 'e searje Outlander.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Balfe waard yn 1979 berne yn 'e Ierske haadstêd Dublin, mar groeide op yn in gesin mei sân bern op it Ierske plattelân, yn it doarp Tydavnet, deunby Monaghan. Nei de middelbere skoalle folge se in aktearoplieding oan it Dublin Institute of Technology, mar nei't se "ûntdutsen" waard troch in agint fan in modelleburo wylst se jild ynsammele foar in goed doel yn in pleatslik winkelsintrum, sette se ynstee útein mei in karriêre as mannekên en fotomodel.

Balfe op 'e catwalk, yn 2003.

Karriêre as model

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Balfe waard al rillegau frege foar putten yn it bûtenlân, en sa wurke se û.m. yn Londen, Parys, Milaan en New York. Se rûn de catwalk del om klean te showen foar û.o. Dolce & Gabbana, Chanel, Marc Jacobs, Armani en Louis Vuitton, en wurke mei oan reklamekampanjes foar û.o. Calvin Klein, Levi's en Victoria's Secret. Fierders stie se op 'e cover fan glossys as Vogue, Harper's Bazaar en ELLE. Op it hichtepunt fan har modellekarriêre waard Balfe beskôge as behearrend ta de top 20 fan 'e súksesfolste modellen fan 'e wrâld. Se is noch altyd it bekendste en meast súksesfolle Ierske model ea.

Foar har wurk yn Milaan yn 2002 en 2003 fertsjinne Balfe omtrint $300.000, mar nei't har Italjaanske modelleburo, Paolo Tomei, bankrot gie, waarden sy en de oare modellen dy't dêr ynskreaun stiene, nea útbetelle. Doe't se yn 2009 foar it bedriuw BCBG wurke, die him dêr in soartgelikense sitewaasje foar, wêrby't it bedriuw wegere om 'e modellen te beteljen (sabeare fanwegen finansjele swierrichheden), mar ûnderwilens wol trochgie mei harren fia harren modelleburo's te boeken (wêrby't it de buro's stilwei derfan bewissige dat it wol klear komme soe mei it jild). Balfe hie lykwols fan har eardere problemen leard, en sloech de rie fan har management om gewoan troch te wurkjen yn 'e wyn. Ynstee boykotte se BCBG oant it bedriuw mei har efterstallich lean oer de brêge kaam. Balfe sei dêroer yn in fraachpetear: "Modellewurk wie nea in passy foar my, dat troch sok gedoch krige ik der hiel gau myn nocht fan."

Karriêre as aktrise

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Caitríona Balfe yn 2014, mei Tobias Menzies en Sam Heughan, har tsjinspilers yn 'e Outlander-rige.

Mei dêrom leit Balfe har sûnt 2006 almar mear ta op aktearwurk. Se figurearre yn bekend films as The Devil Wears Prada, mei Meryl Streep, Now You See Me, mei Michael Cain, en Escape Plan, mei Sylvester Stallone. Ek spile se yn 'e tillefyzjesearje The Beauty Inside en wurke se mei oan ferskate fideoklips, wêrûnder ien fan 'e Frânske band Phoenix, dy't regisseare waard troch Sofia Coppola (de dochter fan Hollywood-regisseur Francis Ford Coppola). Yn 'e websearje H+: The Digital Series wie Balfe in fêst lid fan 'e cast.

Yn septimber 2013 waard Balfe frege om 'e (haad)rol fan Claire Beauchamp te spyljen yn 'e nije tillefyzjesearje Outlander, dy't basearre is op 'e Outlander-romanrige fan 'e Amerikaanske skriuwster Diana Gabaldon. Dêryn reizget Balfe har tweintichste-iuwske personaazje troch in prehistoaryske ring fan steande stiennen (lykas Stonehenge) werom yn 'e tiid nei it Skotlân fan 1745, dêr't se fereale rekket op in man út dy tiid, James Fraser, en de Jakobityske Opstân meimakket. Sawol de searje sels as Balfe har aktearprestaasje lokken loovjende kritiken út. Ein jannewaris 2015 waard bekend dat Balfe cast wie foar in rol yn 'e film Money Monster, ûnder rezjy fan Jodie Foster, wêryn't se gearwurkje sil mei George Clooney en Julia Roberts.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.