Stichting Amateurtoaniel Fryslân
Stichting Amateurtoaniel Fryslân | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | STAF | |
hist. namme | Boun fan Fryske Toanielselskippen (BFT) | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | Frysktalich amateurtoaniel | |
fêstige yn | Ljouwert | |
oprjochte | 1918 | |
offisjele webside | ||
www.staffryslan.nl |
De Stichting Amateurtoaniel Fryslân, miskien better bekend ûnder de ôfkoarting STAF, is in Fryske organisaasje dy't de belangen behertiget fan it Frysktalich amateurtoaniel. De stifting waard yn 1918 oprjochte as it Boun fan Fryske Toanielselskippen (BFT), en krige yn 2001 syn hjoeddeistige namme. By de STAF wiene yn april 2018 149 amateurtoanielferienings yn Fryslân oansletten. De organisaasje wurdt ûnderstipe troch Keunstwurk, it provinsjeaal kennissintrum foar kultueredukaasje, amateurkeunst en profesjonele keunst.
Behalven dat de Stichting Amateurtoaniel Fryslân op bestjoerlik mêd de belangen fan syn lidorganisaasjes behertiget, wurdt ek stribbe nei kwaliteitsferbettering fan it Frysktalich amateurtoaniel. Mei in jierlikse 'kriich' (wedstryd) tusken de oansletten selskippen wurdt besocht en foarmje in oerkoepeljend ferbân foar de ûnderskate ferienings. Fierders wurdt ek it jongereintoaniel oanfitere troch it fersoargjen fan kursussen en it beävensearjen fan subsydzjes. De STAF wurket gear mei de Stifting Utjouwerij Frysk Toaniel (St.U.F.T.) om nij oerset en oarspronklik rippertwaar beskikber te meitsjen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|