Buorkje foar begjinners

Ut Wikipedy

Buorkje foar begjinners wie in Fryske telefyzjerige út dy't troch Omrop Fryslân. De tsien ôfleveringen waarden útstjoerd tusken 3 oktober 2018 en 5 juny 2019. It programma waard makke yn gearwurking mei Provinsje Fryslân, mei as doel om de ‘mienskip’ en de boeren tichterby elkoar te bringen.

Yn it programma makket Emiel Stoffers, bekend as sjonger fan De Hûnekop, tsien kear dwers troch Fryslân om bekend te reitsjen mei it boerelibben. Yn it programma kaam hy as net-boer yn oanrekking mei ikkerbou, feehâlderij, skiep en geiten. In ôflevering fan Buorkje foar begjinners duorre tsien minuten. De rezjy wie yn hannen fan Janko Krist

Ofleveringen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Koweboer - Eastermar
  2. Geiteboer - Wikel
  3. Permakultuer - Seisbierrum
  4. Lamkes - Hantumerútbuorren
  5. Black Angus - Akkrum
  6. Hinnen - Tsjom
  7. Ikkerbou - Aldebiltdyk
  8. Bargefokkerij - Himmelum
  9. Hannelje yn hynders - Britswert
  10. Biologysk – Sondel