Springe nei ynhâld

Britten (histoarysk folk)

Ut Wikipedy
Grut Brittanje 2e helte 5e iuw - tusken de ein fan de Romeinske tiid en stifting fan de Angelsaksyske keninkriken (Kriten fan de britten yn it read).

De Britten (ek wol Brythons of Britsken) wie it Keltysk folk dat Grut Brittanje fan de izertiid oant de Iere Midsiuwen kultuereel behearske.[1] Sy praten fariant fan it Keltysk dat Britsk of Brytonysk neamd wurdt. Sy bewennen Brittanje rûchwei besuden de Firth of Forth; nei de 5e iuw migrearren de Britten ek nei it fêstelân fan Europa, dêr't hja har' festigen yn Bretanje yn Frankryk en yn Britoanje, in frijwat fage oantsjutting foar in krite yn wat no Galysje yn Spanje is. Har ferhâlding ta de Pikten benoarden de Forth hat in soad oer te dwaan west, alhoewol't de measte gelearden it der no oer iens binne dat de Piktyske taal fan dy tiid in Brytonyske taal wie, besibbe oan it Britsk, mar der wol fan te ûnderskieden.[2]

It ierste bewiis foar it bestean fan de Britten en har taal yn histoaryske boarnen giet werom op de Izertiid. Nei de Romeinske oermastering fan Brittanje yn 43, kaam der in Romeinsk-Britske kultuer op. Doe't de Angelsaksen yn de 5e iuw har yn Brittanje festigen, rekke de kultuer en de taal fan de Britten lykwols fersplintere. Tsjin de 11e iuw wienen der ûnderskate Britske befolkingsgroepen ûntstien. Fan doe ôf oan wurdt der spruten fan it Welske folk, it Kornyske folk, de Bretonen en it folk fan de Hen Ogledd ("Alde Noarden"). De Britske taal ûntjoech him yn it Welsk, Kornysk, Bretonsk en Kumbrysk.

Bas-reliëf fan Romeinsk-Britske frou

De Anglo-Saxon Chronicle, dy't oarspronklik fanwege kening Alfred de Grutte yn om-en-by 890 skreaun waard, en dêrnei troch tal fan anonimy skriuwers bywurke en útwreide waard oant mids 12e iuw, begjint mei de sin: The island Britain is 800 miles long, and 200 miles broad, and there are in the island five nations; English, Welsh (or British), Scottish, Pictish, and Latin. The first inhabitants were the Britons, who came from Armenia, and first peopled Britain southward. ("Armenia" is wierskylik in ferskriuwing fan Armorica, in krite yn noardwest Galje.)[3] De âldst bekende ferwizing nei de bewenners fan Brittanje liket út it reisferslach fan Pytheas te kommen, in Gryksk geograaf dy't de Britske eilannen tusken 330 en 320 BC ferkende. Pytheas neamde de eilannen meiïnoar αι Βρεττανιαι (hai Brettaniai), dat wol oerset waard mei "Britske eilannen', en de folken fan dy eilannen fan Prettanike neamde er Πρεττανοί (Prettanoi), Priteni, Pritani of Pretani. Ek Ierlân hearde dêrby, Ierne (Insula sacra, it hillich eilân, sa't de Griken it útleinen) "bewenne fan it ras Hiberni" (gens hiernorum), en Brittanje is insula Albionum, "eilân fan de Albioanen". De term Pritani kin Pytheas fan de Galjers hawwe, faaks harren oantsjutting fan de bewenners fan de eilannen.

De Latynske namme nei de Romeinske oermastering yn 43 wie Britanni as Brittanni.


(It net-histoarysk gebrûk fan 'Brit' en 'Britsk' beskriuwt in ynwenner fan Grut-Brittanje; it is in sammelnamme foar de Ingelsken, Skotten, Welsken, de bewenners fan Cornwall en de bewenners fan (Britsk) Noard-Ierlâna.)

Romeinsk-Britske brûnzen kûm, fûn yn Bedfordshire.
Britske migraasje nei it westen ûnder Angelsaksyske ynvaazje

De Britten sprieken de Britske talen. Saakkundigen nimme oan dat dy talen yn hiel Brittanje sprutsen waarden en dat ek it Piktysk dêr ta hearde (oars as yn it ferline wol tocht is). Neffens skiedskriuwers út de iere midsiuwen wienen de Keltysk pratende bewenners fan Armorica fan nei de Romeinske tiid kolonisten út Brittanje; dêr't ûntstie it Bretonsk dat besibbe is oan it Welsk gelyk as it Kornysk.

De Britske talen binne ûntstien út it Proto-Keltysk, neidat de Britske eilannen bewenne rekken fan Kelten fan it fêstelân fan Europa. De earste Britske taal soe it Britsk west hawwe, dêr't letter de sub-taalgroepen Kumbrysk, Welsk, Kornysk en Bretonsk yn Galje út ûntstien binne. Welsk, Kornysk en Bretonsk binne bewarre bleaun, mar it Kumbrysk stoar al yn de 12e iuw út.

Om-en-by de tiid dat de Romeinen fuortgienen begûn it grutte ferfarren fan de Angelsaksen nei de eastkust fan Brittanje, dêr't hja har eigen keninkriken stochten.[4][5] Sadwaande rekke it Brytonysk yn de kriten útstoarn en waard dy taal ferfongen troch dy fan de Angelsaksen. Yn deselde tiid wienen der Britten dy't harren yn it Bretanje fan no fêstigen. Dêr makken hja harren lytse keninkriken en dêr ûntie it Bretonsk út it Britske Keltysk (Insular Celtic). De Britten bleaunen en master oer Cornwall en noardwest-Ingelân, dêr't ûnder oaren de keninkriken Dumnonia en Rheged oerlibben. Oan de ein fan it 1e millennium hiene de Anglosaksen en Gaels it grutste part fan it Britske territoarium yn Brittanje ferôvere, sadwaande rekke de kultuer en de taal fan de ynlânske Britten wei, útsein yn Wales, Cornwall, parten fan Kumbria en it easten fan Galloway.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Koch, s. 291–292.
  2. Forsyth, s. 9.
  3. The Avalon Project Law School|accessdate=10 August 2011
  4. John E Pattison. Is it necessary to assume an apartheid-like social structure in early Anglo-Saxon England? Proceedings of the Royal Society B, 275(1650), 2423-2429, 2008 doi: 10.1098/rspb.2008.0352 http://rspb.royalsocietypublishing.org/content/275/1650/2423.full
  5. Pattison, John E. (2011) "Integration versus Apartheid in post-Roman Britain: a Response to Thomas et al. (2008)," Human Biology: Vol. 83: Iss. 6, Article 9. s.715-733, 2011. Abstract available at: http://digitalcommons.wayne.edu/humbiol/vol83/iss6/9