Springe nei ynhâld

Firth fan Forth

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Firth of Forth)
Firth fan Forth
De lokaasje fan de Firth fan Forth (dûnkerblau) yn it Britske lânsdiel Skotlân.
De lokaasje fan de Firth fan Forth (dûnkerblau) yn it Britske lânsdiel Skotlân.
geografy
type wetter baai / estuarium
lokaasje eastkust fan Skotlân
lân Feriene Keninkryk
lânsdiel Skotlân
koördinaten 56°10′N 2°45′W
ûnderdiel fan Noardsee

De Firth fan Forth (Ingelsk: Firth of Forth; Skotsk: Firth o Forth; Skotsk-Gaelysk: Linne Foirthe) is de grutte mûning (Skotsk: firth) fan ferskate rivieren oan 'e eastlike kust fan Skotlân. Dit estuarium, dat ek wol as in baai beskôge wurde kin, makket diel út fan 'e Noardsee en is ferneamd nei de Forth, de wichtichste rivier dy't deryn útkomt. Noardlik fan 'e Firth fan Forth leit de krite Fife, en súdlik derfan leit de krite Lothian. De grutste stêd oan it wetter is de Skotske haadstêd Edinburgh. Geologysk is de Firth fan Forth in fjord. Yn 'e Romeinske Tiid stie dit wetter bekend as Bodotria, en yn 'e Aldnoarske sêgen wurdt it de Myrkvifjörd neamd.

Geologysk sjoen is de Firth fan Forth in fjord, dy't yn 'e lêste iistiid foarme is troch de Forthgletsjer. It ôfwetteringsgebiet beslacht in grut diel fan súdlik en sintraal Skotlân, oan 'e Ben Lomond, Cumbernauld, Harthill en Penicuik ta.

De Firth fan Forth sjoen fanôf it Kastiel fan Edinburgh.

Geografy en ekonomy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kusten fan 'e Firth fan Forth lizze besiedde mei stêden en doarpen, wêrfan't de Skotske haadstêd Edinburgh it grutst is. Fan ekonomysk belang binne de petrogemyske fabriken by Grangemouth, de kommersjele skipswerven fan Leith, de marineskipswerf by Rosyth, de skipssloperij by Inverkeithing en de eardere boarplatfoarmwerf by Methil. It binnenste part fan 'e Firth, tusken Kincardine en de North Queensferry, is troch de jierren hinne hast de helte fan syn tijgebiet kwytrekke troch ynpoldering. Dat lân is no foar in diel yn gebrûk foar de lânbou, mar foar it meastepart foar yndustry en it loazen fan jiske troch de koalesintrale Longannet Power Station by Kincardine.

Op twa plakken binne der brêgen oer de Firth fan Forth boud: de Kincardine-brêge en de Clackmannanshire-brêge by Kincardine, en de Forth-brêge, de Forth Road-brêge en de Queensferry Crossing fierder eastlik, fan North Queensferry nei South Queensferry. Fan 1964 oant 1982 bestie der fierders in tunnel ûnder de Firth fan Forth troch, dy't de koalemyn fan Kinneil, oan 'e súdkant, ferbûn mei de koalemyn fan Valleyfield, oan 'e noardkant. Nei't de minen útdien rekken, is dy myntunnel oan beide úteinen tichtmakke mei beton, en sûnt is er, nei't men tinkt, op plakken ynstoarten en foar de rest folrûn mei wetter.

De Firth fan Forth is in wichtich briedgebiet foar seefûgels: sa'n 90.000 pearkes plantsje har dêr jiers fuort. Op it eilân May stiet in fûgelobservatoarium.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.