Brânwacht Snits

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Brânwacht Snits is sûnt 2011 in ûnderdiel fan de gemeentlike Brânwacht Súdwest-Fryslân & Littenseradiel en is yn it foarste plak rjochte op brânbestriding yn de stêd Snits. It korps is, mei útsûndering fan in lytse managementlaach, in frijwillich brânwachtkorps en wie oant 2011 in selsstannich gemeentlik brânwachtkorps.

Histoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoarje fan de Snitser brânwacht giet fier werom. Al yn de histoaryske kronyk fan Eelco Napjus komt brânbestriding en -previnsje yn Snits op it aljemint. Sûnt 1738 wurde der op strategyske plakken yn de stêd brânspuiten opsteld yn dêrfoar ornearre húskes. Dy spuiten stienen op de Fiskmerk, de Alde Komerk en by de Easterpoarte. De stêd Snits hie brânmasters oansteld foar it ûnderhâld en bestjoer. Destiids wienen der ek geregeldwei kontroles fan blusmiddelen by minsken thús, op skoudagen moasten se in amer fan lear mei wetter oan de foardoar hawwe te tean.

Op de hoeke fan it Ald tsjerkhôf en it Martiniplein is letter in brânwachtkazerne komd. Dy is letter sloopt en hat romte makke foar in oarsoartige nijbou. Yn 1935 wienen der 56 man by it korps.

21e iuw[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt ein 20e iuw sit de brânwacht yn in kazerne yn de wyk Malta. It korps hat yn 2008 út 55 leden en is ferdield oer blusgroepen 331, 332 en 333. Bysûnder materieel ta foldwaan fan it korps is in brânwachtboat en in dûkteam. Oant 2011 wie de brânwacht Snits in selsstannich frijwilligerskorps binnen de Feilichheidsregio Fryslân. Nei de gemeentlike weryndieling is it korps 1 jannewaris 2011 opgien yn it korps Brânwacht Súdwest-Fryslân & Littenseradiel.

Grutte brânen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Inkele grutte ynsidinten dêr't de Brânwacht Snits by belutsen wie binne:

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: