Easterpoarte (Snits)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Easterpoarte yn 1722

De Easterpoarte is in eardere stedspoarte yn Snits.

De poarte is boud yn 1490 as ûnderdiel fan de Festingwurken fan Snits en stie oan de ein fan de Easterdyk. It gebou foarme de yngong fan de stêd fanút de rjochting Ljouwert fia de Ljouwerterdyk.

De poarte waard yn 1564 opknapt. Yn de poarte wie oan de bûtekant it wapen fan Boergonje oanbrocht, wêrby't yn stien úthoud stie: Geeft vrede in onze dagen. Oan dizze side stie yn in nis ek it byld fan in liuw, dy't it wapen ferbyldet fêst te hâlden. De tuorren oan beide kanten fan de poarte hienen sjitgatten en skânsen. Letter krige de toer yn 1740 yn'e midden in tuorke mei in oerwurk mei klok der yn.

By de Easterpoarte stienen twa kanonnen ta ferdigening fan de stêd. De poarte waard yn 1711 sloopt.

Foar de poarte lei in brêge, de Easterpoartebrêge, dizze brbrêge is der y medernisearre foarm noch.