Springe nei ynhâld

Eelko Napjus

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Eelco Napjus)

Eelco Napjus (Snits, 2 novimber 1728 - dêre, 3 septimber 1803) wie majoar en eksekuteur fan de stêd Snits.

Hy wie in soan fan Piter Eelckes Napjus en Tryntsje Sjoerds Nauta (doopt yn Snits op 21 novimber 1728 - beïerdige dêre, op 3 septimber 1803. Hy hie grif in soad leafde foar de skiednis fan syn heitestêd doe't hy mei mear goede wil as oardiel, kroniken en oare beskieden yn 1772 útjoech: Historische Chronijk of Beschryvinge van Oud en Nieuw Sneek. Behels. eene Verhandelinge van dess. benaming, aanwas, voorregten enz. Mitsg. gedenkw. geschiedenissen aldaar voorgevallen; sampt Naam-register der Burgemeesteren, Schepenen en Raden, Secretarissén, alsmede alle Predikanten, zedert de Reformatie tot desen jare 1772 ingesloten. Ook van desz. tegenuw. gelegentheid enz. Sneek, 1772, 8o..

Napjus boaske yn Snits op 1 juny 1749 mei Juliana Spyxma, dochter fan Leonardus Spyxma en Sjitske Bleisma, doopt yn Snits op 15 maart 1726, en dêrnei op 23 maaie 1765 mei Jouckien Ylst, dochter fan Haje Ylst en Hiske Jelles, doopt yn Snits, 7 jannewaris, dy't har man oerlibbe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nijhoff: Bibliographie van Nederlandsche plaatsbeschrijvingen, in voce.
  • NNBW