Springe nei ynhâld

Boris Pasternak

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Boris Leonidovitsj Pasternak)
Boris Pasternak
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Boris Leonidovitsj Pasternak
nasjonaliteit Russysk
berne 10 febrewaris 1890
[datum Alde Styl: 29 jannewaris]
berteplak Moskou (Ruslân)
stoarn 30 maaie 1960
stjerplak Peredelkino (Ruslân)
etnisiteit Joadsk
wurk
taal Russysk
sjenre poëzij, literêre romans en
koarte ferhalen
bekendste
  wurk(en)
Doktor Zjivago
prizen Nobelpriis 1958
(foar Doktor Zjivago)
jierren aktyf 19141960
offisjele webside
n.f.t.

Boris Leonidovitsj Pasternak (Russysk: Борис Леонидович Пастернак) (Moskou, 10 febrewaris 1890 [datum Alde Styl: 29 jannewaris] - Peredelkino, 30 maaie 1960) wie in Russysk skriuwer en dichter.

Boris Pasternak (l) mei syn broer Alex, skildere troch heit Leonid

Pasternak’s heit, Leonid, wie portretskilder en dosint op de Keunstakademy yn Moskou; syn mem, Rosa Kaufmann, wie pianiste. Hy waard grut yn in kosmopolitysk-yntellektueel fermidden: ta de besite dy't geregeldwei oer de flier kaam hearden ûnder oaren de komponisten Sergej Rachmaninov en Aleksander Skriabin, de dichter Rainer Maria Rilke en skriuwer Lev Tolstoj.

Boris Pasternak gie yn earsten nei it konservatoarium, mar yn 1910 besleat er om filosofy te studearjen. Al rillegau lei er him lykwols ta op de skriuwerij. Yn 1914 makke er syn debút mei de lytse gedichtebondel “Twilling yn de wolken”, ynspirearre troch Aleksander Blok en de ideeën fan Kant. Yn de Earste Wrâldkriich arbeide er yn in gemyske fabryk yn Perm; guon ûnderfinings dêr hat er ferwurke yn de roman Doktor Zjivago.

Yn 1922 publisearre Pasternak de gedichtebondel “Myn suster it libben”. Dêrnei folgen hurd efter elkoar de bondels “Tema’s en fariaasjes1923, “It jier 1905”, (1926), “Luitenant Schmidt” (1927), plus it proazawurk “De jeugd fan Ljoewers” (1922), “Brieven út Toela” (1922) “In ferhaal1929 en it autobiografyske “Vrijgeleide1929). Dat wurk fêstigen Pasternak syn reputaasje as ien fan de grutste skriuwers fan de Russyske literatuer.

Pasternak's poëzij hat as skaaimerk in yngeand mei-belibjen fan gefoel fan syn skeppings. It giet him om de emoasjes, de ekstaze fan it fielen. Syn gedichten binne 'muzikaal'. Kearn fan syn poëzij is de metafoar dy't rêst op flechtige assosjaasjes. Pasternak's gedichten wiene yn it begjin grif net alte tagonklik.

Pasternak's poëzij fan nei Zhivago ferkent universele fragen oer leafde, ûnstjerlikens en fermoedsûning mei God.[1][2]

Pasternak (2e f.l.), jierren 20, midden: Majakovski, Lilja Brik

Pasternak waard ynternasjonaal ferneamd mei de roman Doktor Zjivago, dy't er yn 1955 foltôge mar dy't troch de Russyske autoriteiten ferbearn waard sadat it yn 1957 earst yn Milaan ferskine koe. Yn it boek beskriuwt er de lotgevallen fan in jonge arts en syn leafde Lara (ynspirearre troch syn faam Olga Freiberg) yn de tiid fan de Earste Wrâldkriich, de Russyske Revolúsje en de Russyske boargeroarloch.

Pasternak op in Russyske postsegel út 1990.

De fragmintarisch opsette roman, fol mei metafoaren, is in fuortsetting fan Pasternak’s lyryk, dêr't de personaazjes út it ynderlik wei sjen litten wurde. Doktor Zjivago is fral ek in filosofysk boek: Zjivago rebellearret net yn it foarste plak tjin de Sovjetsteat, mar komt op foar in fertrape ideaal, nammentlik de yndividuele minske. De polemyk nei oanlieding fan de roman waard lykwols wol op polityk nivo fierd. Pasternak waard ferwiten dat er de Russiske Revolúsje as in tebekgong ôfskildere hie, dat it boek mocht net yn eigen lân ferspratt wurde. Mar skraachwurk 20 jier letter berikten oersettings it wrâldpublyk. Men is it der yn it generaal oer iens dat Dr. Zjivago ien fan de hichtepunten fan de wrâldliteratuer fan de 20e iuw is.

Yn 1965 waard it boek adaptearre ta it wite doek yn 'e ferneamde ferfilming Doctor Zhivago fan regisseur David Lean.

Yn 1958 waard Pasternak de Nobelpriis foar de Literatuer takend foar de roman Dr. Zjivago, mar it waard him troch it regear net tastien de priis oan te nimmen. Op 25 oktober 1958 stjoerde Pasternak in tillegram nei de Sweedske Akadeemje: ymmins tankber, oandien, grutsk, ferbjustere, ferslein. Op 29 oktober stjoerde er wer in tillegram wêryn't er de priis wegere.

Pasternak stoar oan longkanker op 30 maaie 1960. Hoewol't er mar lytse adfertinsje yn 'e krante kaam, kamen tûzenen minsken fan Moskou nei syn begraffenis yn Peredelkino. "Frijwillgers droegen syn iepen kist nei syn grêf en de oanwêzigen droegen út de holle syn ferbearne gedicht 'Hamlet' foar (ûnder oaren de dichter Andrej Voznesenski).

  • Fleischman, L. (1990): Boris Pasternak. The poet and his politics, Harvard University Press, Cambridge, Mass.-London.
  • Pasternak. B. (1990): Autobiografische geschriften, Utjouwerij De Arbeiderspers, Amsterdam.
  • Waegemans, E. (2003): Geschiedenis van de Russische literatuur sinds Peter de Grote, Mets & Schilt/Standaard Utjouwerij, Amsterdam -Antwerpen, side 384-388.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Boris Pasternak fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Hostage of Eternity: Boris Pasternak (Hoover Institution)
  2. Conference set on Doctor Zhivago writer (Stanford Report, 28 April 2004)