Springe nei ynhâld

Bonifatiustsjerke (Makkingea)

Ut Wikipedy
Bonifatiustsjerke
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Eaststellingwerf
plak Makkingea
adres De Brink 10
koördinaten 52° 58' N 6° 13' E
Arsjitektuer
arsjitekt Theunis Thomasz
boujier 1775
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31724
Webside
PKN-gemeente Frieslands End
Kaart
Bonifatiustsjerke (Fryslân)
Bonifatiustsjerke

De Bonifatiusstsjerke oan de Brink yn Makkingea is in tsjerke fan de protestanske streekgemeente Frieslands End. Under de gemeente falle njonken Makkingea ek de plakken Boyl en Elslo. De tsjerke is in ryksmonumint.

De tsjerke waard boud yn 1775 en ferfong in âlder tsjerkje. Oarspronklik wie dy tsjerke foar de reformaasje oan de hillige Bonifatius wijd. Jacobus Stellingwerf tekene de tsjerke yn 1722 as in ienfâldich sealtsjerkje sûnder toer en mei in houten klokkestoel, dêr't twa klokken yn hongen.[1]

De âldste klok yn de toer stamt út 1463 en hat in diameter fan 101 sintimeter. De klok draacht in râneskrift mei ôfbylden fan hilligen. In twadde klok waard yn 1776 getten en gyng yn de Twadde Wrâldkriich troch foardering fan de besetter ferlern. Yn 1949 is de lêste klok ferfongen troch in nije klok mei in diameter fan 80,1 sintimeter, dy't getten waard troch de Bruorren Van Bergen, Midwolda.

De tsjerke waard yn de jierren 2000-2001 restaurearre.[2]

Liturgysk sintrum

Mei de lêste restauraasje binne de sarken fan de famylje Lycklama à Nijeholt wer foar it ljocht helle. De âldste sarken stammen fan 1609. De tsjerke is yn it besit fan in âlde steatebibel út 1781, dy't yn 2008 restaurearre waard.[3]

It seraphine-oargel fan de herfoarme tsjerke is yn it lêste fearn fan de 19e iuw boud troch de bruorren Adema út Ljouwert. Bakker & Timmenga joech it yn 1927 in plak yn de tsjerke en restaurearre it ynstrumint yn 1978.[4]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: