Springe nei ynhâld

Boheemske Wâld

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bohemer Wâld)
Boheemske Wâld
  berchtme
De Grutte Arber, de heechste top fan it berchtme.
De Grutte Arber, de heechste top fan it berchtme.
geografy
diel fan Boheemsk Massyf
regio Midden-Jeropa
lân Tsjechje
Dútslân
Eastenryk
sifers
oerflak ±7.000 km²
lingte 120 km
breedte 50 km
heechste punt Grutte Arber
hichte 1.456 m
geology
yndieling middelberchtme
âldens 539–252 miljoen jr
stiensoarte metamorf stiente en granyt
kaart
De Grutte Arber, de heechste top fan it berchtme.
De lokaasje (read omrâne) fan it Boheemske Wâld yn Midden-Jeropa.

It Boheemske Wâld (Tsjechysk: Šumava, útspr.: [ˈʃumava], likernôch: "sjû-ma-va"; Dútsk: Böhmerwald, útspr.: [ˈbøːmərʋalt], likernôch: "beu-mur-walt") is in middelberchtme yn Midden-Jeropa dat dielen fan súdwestlik Tsjechje, súdeastlik Dútslân en noardlik Eastenryk omfettet. It Dútske diel wurdt om steatspolitike redens faak as in apart berchtme sjoen (hoewol't it dat geologysk en geografysk net is), en wurdt dan oantsjutten as it Beierske Wâld. It Boheemske Wâld is it súdwestlikste en heechste diel fan it Boheemsk Massyf.

It "Boheemske Wâld" is de namme fan it diel fan it berchtme yn Tsjechje, mar ek fan it berchtme as gehiel. Ek foar it diel yn Eastenryk sprekt men fan it Boheemske Wâld. Inkeld it Dútske diel hat in oare namme, it Beierske Wâld. Yn Dútslân wurdt mei it Boheemske Wâld (Böhmerwald) allinnich mar ferwiisd nei de dielen fan it berchtme yn Tsjechje en Eastenryk. De term wald (dy't eins "wâld" betsjut) wurdt yn it Dútsk gauris brûkt foar berchtmen om't dat yn 'e Midsiuwen de iennichste kriten wiene dêr't noch ûnoantaaste bosken groeiden, dy't op flakker lân alleagearre omkappe wiene.

De rivier de Vydra yn it Boheemske Wâld.

It Boheemske Wâld leit yn 'e grinskrite fan trije lannen yn Midden-Jeropa: Tsjechje, Dútslân en Eastenryk. It berchtme rint oer in ôfstân fan sa'n 120 km fan noardwest nei súdeast. It is likernôch 50 km breed en beslacht in oerflak fan by de 7.000 km² om. Oan 'e Tsjechyske kant heart it súdwesten fan it histoaryske lân Bohemen ta it berchtme; tsjintwurdich giet it om dielen fan 'e bestjoerlik regio's Pilsen en Súd-Bohemen. Oan 'e Dútske kant heart it Boheemske Wâld ta de dielsteat Beieren. It Eastenrykske part is ûnderdiel fan it bûnslân Opper-Eastenryk.

De heechste berchrêch fan it Boheemske Wâld foarmet de grins tusken Tsjechje yn it noardeasten en Dútslân en Eastenryk yn it súdwesten. It is tagelyk ek de wetterskieding tusken de ôfwetteringsgebieten fan 'e rivieren de Moldau (yn Tsjechje) en de Donau (yn Dútslân en Eastenryk). Sydrivieren fan 'e Moldau dy't yn it Boheemske Wâld ûntspringe, binne de Vltava, de Otava en de Úhlava. De wichtichste sydrivier fan 'e Donau dy't it berchtme ûntspringt, is de Regen. De heechste top fan it berchtme is de Grutte Arber, mei in hichte fan 1.456 m, dy't oan 'e Dútske kant fan 'e grins leit. Oan 'e Tsjechyske kant is de heechste top de de Plöckenstein (Tsjechysk: Plechý), mei in hichte fan 1.378 m. It Eastenrykske diel is folle leger en bestiet benammen út 'e Raumeinheit Böhmerwald, in beskerme natoergebiet.

It Boheemske Wâld is ien fan 'e âldste berchtmen fan Jeropa mei't it datearret út it Paleosoïkum (539–252 miljoen jier lyn). Dat ferklearret hoe't it kin dat de bergen erodearre binne ta rûne foarmen sûnder folle rotsige dielen. Typearjend foar it lânskip fan it Boheemske Wâld binne plato's op in hichte fan 1.000 oant 1.200 m boppe seenivo mei in relatyf wreed klimaat en in protte heechfeansompen. Yn it berchtme binne ek ferskate marren te finen dy't it resultaat binne útholling fan it lân troch de wurking fan histoaryske gletsjers.

Argeologysk ûndersyk hat útwiisd dat de minsklike bewenning fan it Boheemske Wâld yn it Paleolitikum, ynsafier't dy doe al bestie, it neamen net wurdich wie. De permaninte kolonisaasje fan it gebiet troch de minske liket plakhân te hawwen yn 'e Brûnstiid, tusken 3000 en 1000 f.Kr. Oan it begjin fan 'e Klassike Aldheid waard it berchtme grutdiels bewenne troch Keltyske stammen. Letter krongen de Germanen út it noarden wei de krite binnen, dy't de Kelten njonkelytsen hielendal út it berchtme ferdreaune. Tsjin it begjin fan 'e Westerske jiertelling waard it gebiet besuden it Boheemske Wâld ferovere troch de Romeinen, wêrnei't it berchtme in grinskrite fan it Romeinske Ryk waard.

De Kleine Arbersee mei op 'e eftergrûn de Grutte Arber.

Yn 'e earste iuw waard it berchtme bewenne troch Germanen yn it noarden en Gallo-Romeinen yn it suden. Tusken 166 en 180 wie it gebiet it toaniel fan 'e Markomanne-oarloch fan 'e Germaanske Markomannen tsjin it Romeinske Ryk. Yn 'e sechsde iuw arrivearren de Slaven út it easten wei, dy't de Germanen út dat diel fan it Boheemske Wâld ferkrongen. Geandewei de Midsiuwen wreide it gebiet dat troch de Slaven bewenne waard him almar fierder nei it suden ta út. Ier yn dy perioade kaam de noardeastlike helte fan it berchtme ta it Slavyske, letter mear spesifyk Tsjechyske Keninkryk Bohemen te hearren. It foarme in natuerlike grins tusken dat lân (no westlik Tsjechje) en de histoaryske etnysk Dútske steaten fan it Hillige Roomske Ryk, lykas it Hartochdom Beieren en it Aartshartochdom Eastenryk.

Under it regear fan kening Ottokar I fan Bohemen (12001230) sette de organisearre kolonisaasje fan 'e Boheemske kant fan it Boheemske Wâld útein troch etnysk Dútske kolonisten út benammen Beieren. De kroan fan Bohemen, dat al ier in steat fan it Hillige Roomske Ryk wurden wie, foel yn 1526 yn 'e hannen fan 'e aartshartoggen fan Eastenryk, dy't dêrtroch ek keningen fan Bohemen waarden en, net ûnbelangryk, karfoarsten. Dat wie it begjin fan in ryk dat yn 'e njoggentjinde iuw de foarm oannaam fan 'e Eastenryksk-Hongaarske Dûbeldmonargy.

Nei't dat oan 'e ein fan 'e Earste Wrâldoarloch útinoar foel, kaam Bohemen yn 1918 by it nije Tsjechoslowakije te hearren. Yn 'e 1930-er jierren besochten de Sudetendútsers út it Boheemske Wâld en de oare grinsstreken fan Tsjechje har fan Tsjechoslowakije ôf te skieden. Yn septimber 1938 waard it hiele saneamde Sudetenlân, dêr't it Tsjechyske diel fan it Boheemske Wâld ek ûnder foel, formeel anneksearre troch nazy-Dútslân. Nei de Twadde Wrâldoarloch waarden yn 1945 en 1946 alle etnysk Dútske bewenners fan 'e Tsjechyske grinsstreken, wêrûnder ek it Boheemske Wâld, as lânferrieders út Tsjechoslowakije wei ferdreaun nei Dútslân. Harren plak waard ynnommen troch etnyske Tsjechen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.