Springe nei ynhâld

Boermastate

Ut Wikipedy
Bourmastate

Boermastate wie in state yn Drachten. It gebou stie op it plak dêr't hjoed-de-dei it Karmelkleaster stiet.

Kornelis fan Haersma (Ljouwert, 19 febrewaris 1703 - Boermastate, 30 maart 1783) út Bûtenpost liet yn 1738 yn Suderdrachten in 'slot' sette dat bekend wie as Boermastate of Bouburg.

De famylje hie de grûn al langer yn besit; it floreenkohier fan 1700 fernijd: Zaethe, streckende van de Veenscheydinge westwaarts tot in De Drayt yn eigendom fan Arent Arnoldus fan Haersma (1645-1709, pake). Twa jier earder yn 1698 wurdt syn oare helte Aurelia fan Glinstra as eigenaresse neamd en yn 1728 de erven Riedshear Hektor Livius fan Haersma (1673-1720), heit).

Boermastate wie ien fan de earste deftige huzen dy't yn Drachten boud waarden. It hûs hie in entree mei in hege stoepe. Oan beide kanten fan de yngong wiene de wenkeamers en dêrneist oan wjerssiden de ferbliuwen fan it personiel mei in eigen yngong. De state wie omjûn fan in park mei steatlike iken.

Yn 1825 waarden de gebouwen op ôfbraak ferkocht, keapers wiene Ane Jans Anema út Arum en Sipke Holtsma út Penjum.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hisgis.nl
  • Drachten, van toen naar nu