Springe nei ynhâld

Boarch Runkel

Ut Wikipedy
Boarch Runkel
De boarch fanút it noardeasten
De boarch fanút it noardeasten
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkring Limburg-Weilburg
plak Runkel
koördinaten 50° 24' N 8° 9' E
Skiednis
boujier 12e iuw-14e iuw
Oars
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
burg-runkel.de
Kaart
Boarch Runkel (Hessen)
Boarch Runkel

De Boarch Runkel (Burg Runkel) is de ruïne fan in midsiuwske hichteboarch yn de stêd Runkel yn de Hessyske lânkring Limburg-Weilburg, Dútslân.

De boarch waard yn 1159 foar it earst neamd en wie doe yn it besit fan Siegfried fan Runkel. Mooglik is de boarch noch âlder, mar wis is dat de boarch boud waard troch de hearen fan Runkel om de brêge oer de Lahn te beweitsjen.

Healwei de 13e iuw ûnstie der striid oer it besit en de erfoanspraken. Dat hie fan gefolgen dat Siegfried yn 1276 syn neef Hindrik († 1288) út de boarch sette, dy't dêrnei oan de oare kant fan de Lahn de boarch Schadeck bouwe liet Westerburg neame liet en him . Noch yn itselde jier folge de opsplitsing fan it gebiet yn twa hearlikheden: Runkel en Westerburg. Diderik III fan Runkel wist syn gebiet fierder út te wreidzjen en boude njonken de âlde boarch in moderner kastiel.

Troch syn houlik mei Anastasia fan Isenburg-Wied wist Diderik IV († 1462) it greefskip fan Wied oan syn gebiet ta te foegjen en syn ynfloed op de regio te fergrutsjen. Yn 1440 waard útein set mei de bou fan in stiennen brêge oer de Lahn, mar troch't in skeel folge oer de tol en de kosten duorre de foltôging dêrfan noch oant 1448. De protestantske herfoarmer Philipp Melanchthon brocht yn 1543 in besite oan greve Jehan IV fan Wied-Runkel († 1581). Yn 1568 aard de reformaasje yn Runkel ynfierd.

In nij skeel oer it kastiel ûntstie yn 1595 tusken de twa liny's Wied-Isenburg and Wied-Runkel en der folge in ferdieling fan it greefskip Wied. Willem IV fan Wied-Runkel krige it Obere Grafschaft Wied (Opper Greefskip Wied) mei Runkel en Dierdorf, wylst syn neef Jehan Wilem fan Wied it Niedere Grafschaft Wied (Neder Greefskip Wied) mei Wied, Braunsberg en Isenburg tadield krige. Sa waard Runkel it sintrum fan it Opper greefskip Wied.

De boarch yn 1655 (Mattéus Merian)

Yn de Tritichjierrige Kriich waard Runkel mei de boarch yn 1634 troch de Kroatyske hiersoldaten fan greve Isolani yn 'e brân stutsen. It âlde kastiel bleau dêrnei in ruïne, wylst it oare diel yn 1642 wer opboud waard.

Yn 1692 liet Freark fan Wied-Runkel it Opper Greefskip Wied mei Isenburg (dat earder noch by it Neder Greefskip Wied hearde) nei oan syn pakesizzer Maksimiliaan Hindrik fan Wied-Runkel. Tenei waard it greefskip Wied-Runkel neamd en yn 1791 waard it opwurdearre ta in foarstendom.

De Rynbûnakte fan 12 july 1806 ornearre dat Runkel by it nije Hartochdom Nassau waard yndield, wylst de rjochter kant fan de Lahn by it Gruthartochdom Berg (sûnt 1813 by Prusen) foege waard. Karel Loadewyk Freark Aleksander fan Wied waard as stânshear de bestjoerder fan it nij stifte Amt Nassau beneamd. Doe't yn maart 1824 Karel Loadewyk Freark Aleksander fan Wied en yn april 1824 syn broer Freark Loadewyk sûnder neiteam ferstoaren wie it mei ek dien mei de liny Wied-Runkel. Harren rjochten oer stêd en boarch foelen ta oan Willem Herman Karel fan Wied fan de liny Wied-Neuwied (earder it Neder Greefskip).

De boarch fanút it wêst

De boarch bestiet út in de ruïne en in bewenber diel. De ruïne stiet op it heechste diel fan de rots oan de kant fan de yn de jierren 1440-1448 boude Lahnbrêge. Njonken de bergfrede stiet de ruïne fan it paleis en oare wengebouwen, dy't fan de kant fan de Lahn hast it oansjen fan in skyldmuorre ha. Oan beide kanten fan it 40 meter lange kompleks stiet in machtige wartoer, dy't wat hichte en muorredikte oanbelanget hast mei de berchfrede meunsterje kinne. De boarch Runkel telt dêrom ta it seldsume type boarch dat meardere berchfredes hat.

Nei de ferneatiging yn de Tritichjierrige Kriich waard in diel fan de boarch wer opboud. Dat diel bestiet út twa oant trije ferdjippings tellende gebouwen, dy't súdlik yn in u-foarm oan de ruïne boud binne en in sletten binnenhôf foarmje. Yn de foarhôf steane noch mear gebouwen, dy't fan in ringmuorre omfieme wurde. De measte gebouwen fan de nij de Tritichjierrige Kriich weropboude dielen binne goed ûnderholden en wurde foar it measte noch brûkt.

Yn de boarch binne in museum, in kapel en in argyf ûnderbrocht. Ut en troch wurdt de boarch noch bewenne troch de famylje Fan Wied. Oare dielen wurde ek bewenne of brûkt om materieel op te slaan. De net weropboude gebouwen fan de boarch kinne besichtige wurde. Ek kin de belangrykste toer beklommen wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.