Springe nei ynhâld

Runkel

Ut Wikipedy
Runkel
Kastiel Runkel
Kastiel Runkel
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkring Limburg-Weilburg
Sifers
Ynwennertal 9.427 (2021)
Oerflak 43,71 km²
Befolkingsticht. 216 ynw./km²
Hichte 138 meter boppe seenivo
Oar
Koördinaten 50° 24' N 8° 09' E
Offisjele webside
www.runkel-lahn.de
Kaart
Runkel (Hessen)
Runkel

Runkel is in stêd yn de Hessyske lânkring Limburg-Weilburg, Dútslân.

De stêd leit yn de Lahndelte oan beide kanten fan de rivier tusken it Westerwald en it Taunusberchtme, likernôch 8 kilometer eastlik fan Limburch oan de Lahn.

Runkel bestiet út 9 stedsdielen

Stedsdiel Ynw.
1910
Ynw.
1961
Ynw.
1970
Ynw.
2005
Ynw.
2008
Ynw.
2020
Yndield by
Runkel sûnt
Arfurt 650 911 858 939 915 842 31 desimber 1970
Dehrn 1061 1871 1928 2295 2307 2178 01 july 1974
Ennerich 317 445 538 865 852 786 01 desimber 1970
Eschenau 214 285 265 320 273 273 31 desimber 1970
Hofen 292 373 392 435 440 418 31 desimber 1970
Runkel 1109 1687 1782 1655 1671 1727
Schadeck 502 650 715 1112 1079 1051 01 desimber 1970
Steeden 696 1223 1352 1550 1526 1395 01 desimber 1970
Wirbelau 516 615 669 803 803 787 31 desimber 1970

It besjen wurdich (kearnstêd)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De boarch Runkel, werfan't de âldste dielen werom geane op de 12e iuw.
  • 17e en 18e iuwske fakwurkhûzen.
  • De stiennen brêge oer de Lahn (13e iuw).
  • Boarch Schadeck (13e iuw).
  • De Bannmühle (wettermûne), bûten de stedsmuorren boud troch Runkel en Schadeck.
  • Klokketoer fan de protestantske tsjerke (oarspronklik in wachttoer).
  • Protestantske tsjerke (nei de Tritichjierrige Kriich boud).
  • De earste skoalle fan Runkel (1543).
  • Parochyhûs (1664).
  • Latynske skoalle (1711).

Ofbylden gemeente Runkel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Runkel (Lahn) fan Wikimedia Commons.