Springe nei ynhâld

Boarch Eltz

Ut Wikipedy
Kastiel Eltz

Burg Eltz

  kastiel
Lokaasje
lân Dútslân
regio Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
plak Wierschem
koördinaten 50° 12' N 7° 20' E
Skiednis
stifter Rudolfus de Elze
stiftingsjier 12e iuw
boujier 12e iuw
hjoeddeiske steat folslein bewarre
Oars
type Hichteboarch
tagonklikens foar in part iepen foar publyk
Webside
burg-eltz.de
Kaart
Boarch Eltz (Rynlân-Palts)
Boarch Eltz

Boarch Eltz is in 12e-iuwske hichteboarch yn Dútslân. It kastiel stiet op in rots yn 'e delte fan 'e Elzbach, in sydrivierke fan 'e Mûzel, op it doarpsgebiet fan 'e Ortsgemeinde Wierschem yn Rynlân-Palts. Sûnt mear as acht iuwen is it kastiel yn it besit fan 'e famylje Eltz. It kastiel heart lykas ek it slot Bürresheim en de boarch Lissingen ta de kastielen yn 'e Eifel, dy't nea mei geweld oermastere binne. It kastiel is ien fan de topattraksjes fan Dútslân en is yn 'e simmermoannen mei in rûnlieding foar in diel te besjen.

Nei alle gedachten waard de boarch oan it begjin fan 'e 12e iuw oan in hannelsrûte boud, dy't troch de delte 'e Elzbach de Mûzel by Moselkern mei de fruchtbere Eifel ferbûn. Oan trije kanten wurdt de boarch troch it rivierke omklamme. De boarch stiet op in 70 meter hege rots, dy't elliptysk fan foarm is en lykas faker waard de hichteboarch oanpast oan 'e beskikbere romte op 'e rots, dat de somtiden nuvere foarm fan de keamers yn 'e boarch ferklearret. Ut de boutiid binne de letromaanske boarchfrede en resten fan it romaanske wenhûs bewarre bleaun.

Grûnplan (A: romaanske diel foar de opsplitsing, B–B7 Kempenich, C–C2 Rübenach en D–D3 Rodendorf).

De namme Eltz waard yn 1157 foar it earst yn in oarkonde fan keizer Freark I Barbarossa neamd; yn dy oarkonde wurdt in "Rudolfus de Elze" as tsjûge opfierd. Healwei de 13e iuw waard de boarch mei it besit ûnder de trije bruorren Elias, Willem und Téoderik ferdield. Dêrmei ûnstiene trije liny's, dy't elts in eigen wentoer bouwe lieten en oant de dei fan hjoed de namme fan dy liny's drage:

  • Eltz-Kempenich
  • Eltz-Rübenach
  • Eltz-Rodendorf

(de tafoeging fan de namme is ôfkomstich fan de froulju fan 'e trije bruorren, dy't fan 'e boarch Kempenich, út Rübenach en Rodendorf (tsjintwurdich Château-Rouge, departemint Moselle, Loataringen) ôfkomstich wiene).

Yn 1815 ferkocht de frijhear fan Eltz-Rübenach syn oandiel yn 'e boarch oan Faust fan Stormber (Eltz-Kempenich), dy't earder al it oandiel fan 'e útstoarne liny Eltz-Rodendorf oernommen hie. Sadwaane krige de liny Eltz-Kempenich it hiele kastiel yn syn besit.

It kastiel waard yn 'e 19e iuw restaurearre. Op 20 septimber 1920 ûntstie brân yn it súdlike diel fan it kastiel. It fjoer sloech oer nei oare dielen en benammen de kapel en it argyf mei de ynrjochting fan it Kempenich diel en de tsien boppeste keamers fan it Rodendorf-hûs rûnen in soad skea op. De restauraasje fan 'e kapel en it hûs Rodendorf duorre oant 1930. Ek yn 'e jierren 2009-2012 waard in grutte restauraasje útfierd.

Konflikt mei aartsbiskop Boudewyn

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Trutzeltz.

Om't de keizerlike macht fier fuort wie en aartsbiskop Boudewyn in swakke foargonger hie, makken de frije ridders yn 'e 14e iuw gebrûk fan de gelegenheid om autonomy en rjochten te nimmen, dy't sabeare ûnder it gewoanterjocht foelen. It konflikt mei de ridders ûntstie doe't de aartsbiskop fan Trier en karfoarst Boudewyn fan Lúksemboarch besocht de ridders fan Ehrenburg, Eltz, Schöneck en Waldeck wer ûndergeskikt te meitsjen oan 'e unifoarme en soevereine bestjoerlike struktuer. De hearen fan Eltz setten it tegearre mei oare frije ryksridders yn 'e kant en harren ferset liede yn 'e 14e iuw ta in belegering fan it kastiel troch troepen fan 'e aartsbiskop; it iennige serieuze militêre konflikt om boarch Eltz. It wie de aartsbiskop net te dwaan om de ferneatiging fan 'e ridders, mar om harren erkenning fan syn juridyske en bestjoerlike soevereiniteit ôf te twingen.

Madonna fan Lukas Cranach de Aldere (1537).

Foar dat doel liet de aartsbiskop tsjin de hearen fan Waldeck, Ehrenberg en Schöneck de Rauschenburg bouwe. Tsjin Eltz liet de aartsbiskop op in heger lizzende rots Trutzelz bouwe, om fan dêrwei Eltz mei katapulten te besjitten. Ek brûkte Boudewyn fjoerpotten om pylken ôf te sjitten; de ierste oanwizing fan it gebrûk fan fjoerwapens yn Dútslân. Yn 1336 waard it konflikt oplost, mar allinne Jehan fan Eltz wegere in fersoening mei de aartsbiskop en sette it konflikt troch. Boudewyn wist Jehan fan Eltz yn 1337 lykwols oan syn kant te krijen troch him Trutzeltz as liengoed oan te bieden en him ta erflike boarchgreve te beneamen. Trutzeltz ferlear al gau oan betsjutting en waard al yn 1453 as bysher vnbewohnet und dadurch verwüstet und vergenklich beskreaun, mar as ruïne bestiet de boarch fan de aartsbiskop noch jimmeroan.

Yn it diel dat iepensteld is foar besikers binne ferskillende keunstwurken út it famyljebesit te sjen. Sa is yn it Rübenach-hûs in grutte wapensamling, in kapel-erker út 1531 en in himelbêd út 1520 te sjen. It Rodendorf-hûs besit fral meubilêr út de barokke en rokoko-tiid. Ek de ridderseal kin besichtige wurde, dy't troch alle trije liny's fan 'e famylje brûkt waard en in bernekeamer mei in renêssânse bêd út 1525 en ien fan 'e oarspronklik trije keukens.

Yn it kastiel hingje ferskillende belangrike skilderijen, it neamen wurdich is in Madonna mei Bern fan Lukas Cranach de Aldere. Fierder binne der Flaamske kleden út de 16e en 17e iuw en grutte samlings fan Sjineesk en Delftsk porslyn.

De belangrykste keunstwurken mei mear as 500 eksponaten, dy't de 12e oant de 19e iuw fertsjintwurdigje, wurde útstald yn 'e skatkeamer yn de ferwulften fan it Rübenach-hûs. Dêrûnder goud- en sulverwurk út Augsburg, lykas in 1,10 meter heech byld fan Jehannes Nepomuk fan Franz Christoph Mäderl (1752), Diana op it hert (rond 1600) en in soad oare objekten en hillige saken. Fierder is der in klokkekolleksje fan 'e 16e oant de 18e iuw en in glêssamling.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.