Springe nei ynhâld

Slot Schöneck

Ut Wikipedy
Slot Schöneck
  kastiel
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
stêd Boppard
plak Herschwiesen
koördinaten 50° 11' N 7° 30' E
Skiednis
boujier Stifting 1200, dien noch midsiuwsk, fierder gebouwen út de 19e en 20e iuw
hjoeddeiske steat diels ruïne
Oars
type hichteboarch
tagonklikens sletten foar publyk
monumintale status Kulturdenkmal
Webside
schloss-schoeneck.de
Kaart
Slot Schöneck (Rynlân-Palts)
Slot Schöneck

It Slot Schöneck (Dútsk: Schloss Schöneck) stiet op in rots oan de Ehrbach by Herschwiesen yn it stedsgebiet fan Boppard op de Hunsrück yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Schöneck waard om 1200 hinne as ryksboarch boud troch Konrad fan Boppard. Syn neiteam neamden harrensels ridders fan Schöneck en bewennen it kastiel oant it útstjerren fan it skaai yn 1508. It skaai bestie út ferskillende takken, dy't meiïnoar op it kastiel wennen.

Twadde poarte

Yn de jierren 1331-1336 wie it kastiel ûnderdiel fan in bûn tsjin de aartsbiskop fan Trier en karfoarst Boudewyn fan Lúksemboarch. It bûn ferlear de striid, it kastiel rekke syn stelstannigens kwyt en waard yn 1354 in lienkastiel fan Kar-Trier.

Yn de saneamde Beilsteiner Kriich besetten troepen fan de paltsgreve Schöneck, mar al gau waard it kastiel werom jûn oan Kar-Trier. Sûnt 1508 hie de boarch ferskillende pachters, mar stadichoan sloech it ferfal ta.

Yn 1805 kaam it kastiel yn partikuliere hannen en bouden ferskillende eigners it kastiel wer wat op. It slot waard yn 1906 troch de keunstskilder Wilhelm Steinhausen (1846-1924) oankocht, dy't it yn 1924 ûnderbrocht yn de famyljestifting 'Wilhelm und Ida Steinhausen Stiftung'.

De gebouwen datearje fral út de 19e en 20e iuw. Ut de midsiuwske tiid datearret de ferdieling yn in boppe- en benedenboarch. De kelders, de dwinger, tuorren en poarten en in diel fan de ringmuorre binne midsiuwsk. Oan de kant fan de berch binne de resten fan de kastielgrêft.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: