Springe nei ynhâld

Eltz (Rynlânsk adelskaai)

Ut Wikipedy
Wapen line Eltz-Kempenich .
Wapen line Eltz-Rübenach.

Eltz is de namme fan in âld adelskaai út it Dútske Rynlân. De famylje heart ta de oeradel fan 'e Mûzelkrite en moat net betiizge wurde mei it Nedersaksyske skaai mei deselde namme. Guon takken fan it skaai besteane ek hjoed-de-dei noch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn âldere literatuer wurdt der skreaun dat al yn 690 ûnder de foarname ynwenners fan Trier in ridder mei de namme Eberhardus zu Eltz libbe. Neffens de genealooch Johann Maximilian von Humbracht begjint de stambeam fan 'e famylje mei Georg yn it jier 938, wylst it "Genealogisches Handbuch des Adels" de stamheit Rudolfus neamt, dy't fan 1150 oant 1157 yn oarkondes foarkomt.

Stamkastiel fan Eltz.

Hy wie it earste lid fan 'e famylje dy't de namme fan it stamkastiel Eltz oannaam. Rudolf wie in trouwe oanhinger fan 'e Staufenkeizer Freark I Barbarossa en krige út tankberens foar syn tsjinst yn it leger in stik lân as lien. De ûnûnderbrutsen stambeam begjint mei Petrus nobilis vir, dominus de Eltze, dy't tusken 1210 en 1257 yn oarkondes neamd wurdt. Nei alle gedachten wie hy in soan fan Elias I fan Eltz, dy't op 27 maaie 1194 as bewenner fan it kastiel Eltz neamd wurdt. Nei de Eltzer fete tusken 1331 en 1336 waard yn 1356 it rykslienferbân opheft en waard it kastiel in lien fan it ryksstift Trier. De keizerlijke fazallen fan Eltz waarden sûnt fazallen fan 'e aartsbiskop en karfoarst fan Trier.

De hearen fan Eltz wiene iuwenlang nau ferbûn mei de stêd Münstermaifeld. Yn 'e lette midsiuwen bestjoerde it skaai de stêd. Yn 'e eardere stiftstsjerke fan 'e stêd binne harren grêven te sjen. Tige moai binne de epitafen fan it echtpear Cuno fan Eltz en Ella fan Esch, twa reliëfplaten fan basalt, it moarmeren grêf fan Nikolaus fan Eltz en syn frou Maria fan Hoort en it monumint foar harren soan Johann Wilhelm Antonius Bertramus hear fan Eltz, domhear fan Trier.

Besit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De aadlike line fan 'e gouden liuw (sa neamd neffens de kleur fan 'e liuw fan it wapen) Eltz-Kempenich is hjoed-de dei noch jimmeroan eigner fan it kastiel Eltz en it Eltzer Hof yn Eltville. It stamkastiel, dat al mear as 8 iuwen yn 'e famylje is, kin hjoed-de-dei troch toeristen besocht wurde. It wynbouareaal yn Eltville waard yn 1976 om ekonomyske redenen en foar de oanlis fan in wei ferkocht. By de eardere eigendommen hearden ek de Eltzer Höfe yn Mainz en Boppard en it kastiel slot Eltz yn it Kroaasje Vukovar.

De aadlike line Eltz-Rübenach, dy't it wapen mei in sulveren liuw draacht, wennet noch jimmeroan op it kastiel Kühlseggen, wylst it kastiel hûs yn Koblenz-Rübenach (sûnt 1316 eigendom fan 'e famylje) en it kastiel Wahn ferhierd wurdt. Yn 1840 krige Clemens frijhear fan Eltz-Rübenach de Fronhof yn Merheim yn syn besit.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Eltz (rheinländisches Adelsgeschlecht) (ferzje 24 juny 2024