Bildtstar (band)
Bildtstar | ||
band | ||
Byldmateriaal ûntbrekt | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
sjongtaal | Frysk, Nederlânsk | |
sjenre | hardrock | |
bestean | 2019 - no | |
webside | https://bildtstar.nl/ | |
leden | ||
sjonger | Simon Wiegersma | |
gitarist | Martin Postuma | |
gitarist | Jesse Pander | |
basgitarist | Colin Boonstra | |
drummer | Holmer Schoon |
Bildtstar is een Fryske hardrockband út in noarden fan Fryslân. De band makket meast Ingelsktalige muzyk út de jierren tachtich kombinearre mei har eigen muzykstyl. De band waard oprjochte yn 2019. De namme komt fan it jirpelras Bildtstar dêr’t It Bilt grutsk op is.
Gearstalling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Trije fan de fiif bandleden komme fan It Bilt en wenje der yn 2014, je jongste beide komme út Ljouwert. De band bestiet út fiif leden, Simon Wiegersma (de sjonger), Martin Postuma (gitarist), Jesse Pander (gitarist), Colin Boonstra (basgitarist) en Holmer Schoon (drummer). De band soe yn 2019 meidwaan oan in lokaal sjongfestival, mar troch de pandemy gie it sjongfestival net troch. De jonges giene doe fierder mei muzykmeitsjen yn de eigenboude studio yn Froubuorren. Yn 2020 treden se foar de earste kear op yn Froubuorren. Tusken de covers troch waarden doe al eigen nûmers spile. Neist optredens yn Nederlân waard de band ek frege yn it bûtenlân en kamen der optredens yn Dútslân, België en sels yn Roemenië mocht de band optrede. Yn 2023 lieten se in EP opnimme by Rick Meijer en Nico Outhuijse. [1]
Begjin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it begjin spilen se benammen hurd, letter behearsken se ek oare muzykstilen. Der folgen in soad optredens op festivals, lykas op Open Air yn Surhuzum. In útferkocht Neushoorn op de Frisian Metal Night wie yn 2024 in hichtepunt. Boppedat waard de groep dat jier nominearre as Talint fan it Jier op it Popgala Noord, ûnderdiel fan Eurosonic Noorderslag (ESNS).
Burning after Midnight
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De útbrochte single Burning after Midnight waard yn 2024 op Spotify al 25.000 kear belústere. [2]De single gie foarôf oan de lykneamde en earste EP dy’t op 26 april presintearre waard yn de Neushoorn yn Ljouwert. Op de EP stiene seis eigen nûmers. Dit nûmer waard ek yn Sweden, Finlân en Brazylje in soad belústere. By Burning after Midnight hearde ek de earste fideoclip fan de band dy’t op You Tube te sjen wie. De hoes fan de op finyl útbrochte EP waard tekene troch Claudio Bergamin yn de sfear fan in Amerikaansk diner.
Fryske Top 100
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spesjaal foar de Fryske Top 100 brochten se it nûmer Au Revoir út, in rêstige ballad mei Fryske teksten. It levere harren dat jier fuort in earste plak op. En dat foar in nûmer dat hast net bestien hie, mar dat op oanstean fan Nico Outhuijse beslist op de EP komme moast. Spesjaal foar de Fryske Top 100 stjoerde Omrop Fryslân Aldjiersdei út fanút Froubuorren yn it hûs fan sjonger Simon Wiegersma. [3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|