Springe nei ynhâld

Au Revoir

Ut Wikipedy

Au Revoir is in nûmer út 2024 fan de Fryske rockband Bildtstar.

Bildtstar makket ornaris Ingelsktalige muzyk en it nûmer is, oars as de measte nûmers fan de band, Frysktalich. De ballad Au Revoir is ek folle rêstiger as de oare nûmers fan de band. It nûmer waard skreaun troch sjonger Simon Wiegersma. De tekst giet oer it ferlies fan ien dy't jo leaf hat, oer in relaasje dy't foar altyd like te wêzen, of in dream dy't útinoar falt. Dan fielt it oft de wrâld om dy hinne ynstoart en neat mear betsjutting hat. It liet jout treast: Eltsenien hat syn ferhaal, deselde pine yn in oare taal. Oan elk begjin komt in ein, mar eltse dei begjint op ’e nij.

Au Revoir like der earst net te kommen mar op oanstean fan producer Nico Outhuijse sette Simon Wiegersma him der ta om fierder te gean mei skriuwen. It liet hat in persoanlike lading foar Wiegersma omdat koart foar it skriuwen de freon fan syn mem ferstoar.[1] It nûmer begjint lyts mei Simon Wiegersma op gitaar. Nei in pear minuten komt de rest fan de band der by en einiget it nûmer mei hurde gitaren en krêftige sang.

Au revoir kaam yn 2024 binnen op it earste plak fan de Fryske Top 100.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: