Bidlersfeart

Ut Wikipedy
De Bidlersfeart by De Blokken (2019)

De Bidlersfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de dyksfeart fan de Caspar de Roblesdyk nei it easten en komt besuden Kimswert út yn de Harnzer Feart.

De Bidlersfeart leit benoarden de buorskip De Blokken en is in restant fan De Marne. Yn it lân is dizze âlde see-eroazjegeul noch werom te kennen oan de wat leger lizzende stikken lân oan beide kanten fan de feart.

Neidat it ôfwetteringskanaal de Bidlersfeart (in ferbastering fan Bodeleswertherfeart) yn de rin fan de 17e iuw ferbrede waard en sa ûnderdiel waard fan de drokke trekfeart tusken Boalsert en Harns kaam Kimswert ta ûntwikkeling. De namme jildt no allinnich foar it westlik part, dat gjin part fan de Harnzer Feart is.

De namme Bidlers Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Bedelaarsvaart.