Springe nei ynhâld

Kleaster Foswert

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bethanië)

Kleaster Foswert wie in earder Benediktynsk kleaster by Ferwert. Op it terrein stiet no noch in âlde kop-hals-romppleats. Eartiids stie der noch ien, mar dy is ôfbrutsen.

De namme hat te krijen mei de goadinne Foste en Fosite. Letter is dy namme troch skiedskriuwers feroare ta Foseta, Phoseta en Festa om te besykjen har gelyk te stellen oan de Romeinske Festa, mar dat is skiednisferfalsking.

It kleasterterrein hat in bysûndere mar ek tryste skiednis. Yn 1347 binne wol twahûndert kleasterlingen stoarn oan de pest. In heale iuw letter ûntstie der skeel mei kleaster Klaarkamp fan Rinsumageast. Yn in fûle striid waarden tsjerke en toer fan Foswert yn 'e brân stutsen troch de kleasterlingen fan Rinsumageast. As ferjilding waarden letter fjouwer manlju fan Klaarkamp deamakke.

By de tsjerklike herfoarming fan de sechtjinde iuw waarden yn Fryslân de kleasters opheft. De grûn fan Foswert gie ynearsten nei de provinsje, mar dy hat oan it begjin fan de santjinde iuw in diel ferkeapje moatten troch jildpine. It kleaster Foswert waard yn 1580 by de Byldestoarm fernield en yn 'e brân stutsen.

It kleaster soe neffens in 16e iuwske kronyk lykwols op It Amelân boud wêze yn it jier 866 en yn 1066 nei de fêste wâl ferpleatst wêze. It soe dan yn 1580 ôfbrutsen wêze. Neffens deselde kronyk stie op it Amelanner plak oarspronklik in Fostetimpel. Der binne op It Amelân lykwols gjin oerbliuwsels ûntdutsen fan in kleaster of timpel. De kronyk soe dêrom wol ris in skiednisferfalsking wêze kinne. Dochs binne der in pear nijsgjirrige yndirekte oanwizings dy't der op wize kinne dat de kronyk in kearn fan wierheid hat. Yn it plakje Nes op It Amelân lizze fûneminten fan in tsjerke. De tsjerke fan Nes en it kleaster by Ferwert hienen beide Johannes de Doper as patroanhillige, en it kleaster Foswert hie lân op It Amelân. By ûndersyk fan de fûneminten fan de Nesser tsjerke die bliken dat dy foar 1100 boud is, en dat dy faaks op in âlder hillichdom delset is. Boppedat leit yn de buert fan dy fûneminten de saneamde Willibrordsdobbe, in boarne dy't yn de oerleveringen ferbûn wie mei Redbad en tinken docht oan dy op Helgolân.