Springe nei ynhâld

Bertien van Manen

Ut Wikipedy
Bertien van Manen
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marie Berthe van Manen-Henket
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 febrewaris 1935
berteplak De Haach
stoarn 26 maaie 2024
stjerplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Fotograve
streaming dokumintêre fotografy
offisjele webside
Bertienvanmanen.nl

Marie Berthe (Bertien) van Manen-Henket (De Haach, 15 febrewaris 1935 - Amsterdam, 26 maaie 2024) wie in Nederlânske fotografe. Se wurdt sjoen as ien fan de fernijers fan de dokumintêre fotografy en as ien fan de meast suksesfolle Nederlânske fotografen fan har tiid.

Van Manen groeide op yn Hearlen, doetiidsk it sintrum fan de Nederlânske stienkoalyndustry, dêr't har heit foar de steatsminen oan it wurk gien wie. Har legere skoalle stie yn Faals, nei in jier gymnasium waard se nei in strang katolyk famkesynternaat stjoerd. Se studearre Frânske taal en literatuer en Dútske taal en literatuer oan de Universiteit Leien en begûn har betelle wurkjende libben as oersetster en dosinte, ek die se modellewurk, wat har derta brocht om sels te fotografearjen. Se boaske yn 1961 mei abbekaat en kartoonist Willem van Manen wêrmei't se oant syn ferstjerren yn 2008 tegearre wie. Se krigen twa bern.

Fotograaf Theo Noort seach har foto's en nûge har út as syn assistint te wurkjen. Se krige wurk by in advertinsjestudio yn Amsterdam as moadefotografe mei opdrachten foar it populêre frouljusblêd Viva en letter foar Avenue, Nieuwe Revu, Panorama en De Groene Amsterdammer. Sa learde se it fotofak yn de praktyk.

Ynspirearre troch it boek "The Americans" fan de Amerikaanske fotograaf Robert Frank, dy't it ûnpolyste libben sjen liet, besleat se om de kommersjele fotografy te ferlitten en op in ferslach jaande wize te wurkjen; relaasjes mei har ûnderwerpen oan te gean, yn stee fan moaie plaatsjes sjitte. As ien fan har earste ûnderwerpen keas se froulju dy't as gastarbeider nei Nederlân kommen wiene of mei in arbeidsmigrant troud wiene, wat resultearre yn har earste fotoboek "Vrouwen te gast", wêrtroch't oant dan ta ûnsichtbere froulju yn de maatskippij letterlik in gesicht krigen.

Se hie har earste tentoanstelling yn The Photographers Gallery yn Londen yn 1977. Yn 1980 makke se tegearre mei Catrien Ariëns yn opdracht fan it Amsterdamske Ryksmuseum om de frouljusbeweging fan dat momint fêst te lizzen mei as searjetitel "Vrouwen in beweging". Van Manen wie net gelokkich mei resultaat en it boek dat by de foto's ferskynde, se fûn de teksten ûndraachlik. Dit boekwurk krige yn 1985 in ferfolch yn "Dienstmaagd des Heren?" yn opdracht fan it Noordbrabants Museum ek wer tegearre mei Ariëns, oer froulju en harren feroarjende rol en posysje binnen de katolike tsjerke yn Nederlân.

Se makke grutte searjes yn Sina, de eardere Sovjet Uny, en de Appalachen yn Amearika. Se woe as fotograaf gjin taskôger, mar dielgenoat wêze. Se learde de talen en ferdjippe har yn de histoaryk en kultuer fan de plakken dy't se besocht. Van Manen brûkte ûnder oare snapshot kamera's en goede kompaktkamera's en se fotografearre minsken dy't se tsjinkaam. Ynearsten fotografearre se yn swart-wyt, letter yn kleur om't se swart-wyt te romantysk fûn.

Har wurk is wrâldwiid tentoansteld yn wichtige musea. Yn 2020 waard har wurk eare mei in grutte tentoanstelling yn it Stedelijk Museum Amsterdam, dêr't goed twahûndert fan har foto's presintearre waarden. Van Manen waard yn 2022 by in kuier yn Amsterdam oanriden troch in auto wêrby't har linkerskonk swier ferwûne waard en har foet ferbrizele, in operaasje en langduorjende refalidaasje brochten net it winske resultaat, wêrtroch't rinne oant it ferline hearde. Bertien van Manen ferstoar op 26 maaie 2024, yn 'e âldens fan 89 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy: NL