Springe nei ynhâld

Bertetsjerke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Bertetsjerke (Betlehim))
Bertetsjerke

كنيسة ٱلمهد

bouwurk
Plein foar de Bertetsjerke mei de gevel op de eftergrûn en rjochts it Armeenske kleaster
Plein foar de Bertetsjerke mei de gevel op de eftergrûn en rjochts it Armeenske kleaster
lokaasje
lân Palestina
plak Betlehim
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Fanôf 325
boustyl Romaanske arsjitektuer

De Bertetsjerke of Basilyk fan de Bertetsjerke (Arabysk: كنيسة ٱلمهد; Gryksk: Βασιλική της Γηννήσεως; Armeensk: Սուրբ Ծննդյան տաճար; Latynsk: Basilica Nativitatis) is in basilyk yn Betlehim yn it Palestynske Westjordaanlân. De grot fan de tsjerke wurdt troch in soad kristenen fan ferskate tsjerklike rjochtings as it berteplak fan Jezus beskôge. De basilyk is de âldste grutte tsjerke fan it Hillige Lân en de grot is it âldste nea ûnderbrutsen plak dêr't de kristlike earetsjinst fierd wurdt.

De tsjerke waard oarspronklik yn opdracht fan Konstantyn de Grutte en syn mem Helena boud op it plak dat tradisjoneel it plak is dêr't it gebou slim skeind troch brân en keizer Justinianus joech opdracht om de tsjerke wer yn oarder te meitsjen neffens it oarspronklike ûntwerp.

Alhoewol't de tsjerke sûnt de rekonstruksje fan Justinianus gruttendiels itselde bleau, binne der yn de rin fan de tiid in soad renovaasjes en tafoegings útfierd, benammen yn it tiidrek fan de krúsfardders. Sa krige de tsjerke twa (net mear besteande) klokketuorren, muorremozaïeken en fresko's (foar in diel bewarre). Troch de iuwen hinne waard it gebiet om de tsjerke hinne útwreide en tsjintwurdich beslacht it likernôch 12.000 m². Op it gebiet steane trije ferskate kleasters: in Gryksk-otterdoksk, in Armeensk-apostoalysk en in Roomsk-katolyk kleaster. De twa earste kleasters hawwe yn de moderne tiid klokketuorren tafoege.

De Bertetsjerke stiet op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO, de earste UNESCO-lokaasje fan Palestina.

Op de tsjerke is in 250-jier âlde oerienkomst op de ferskate religieuze mienskippen fan tapassing, de saneamde Status Quo.

Plattegrûn fan de Bertetsjerke ei lofts de oangrinzgjende Katarinatsjerke

Yn 135 liet keizer Hadrianus it plak boppe de grot oanlizze as in plak foar it oanbidden fan de Grykske god Adonis. Hieronymus skreau yn 420 dat de grot oan Adonis wijd wie en dat der in hillich wâld plante wie mei it doel om de oantins oan Jezus folslein út te wissen. Guon moderne gelearden wolle dêr net oan en binne fan betinken dat it krektoarsom oarspronklik in plak foar de ferearing fan Adonis west hat en dat de kristenen it plak letter brûkten om Jezus te earen. De âlderdom as plak fan de berte fan Jezus waard lykwols al troch Justinus de Martler (likernôch 100-165) fêstlein yn syn "Dialooch mei Trypho" dat de hillige famylje ûnderdak fûnen yn in grot bûten de stêd.

De sulveren stjer fan de Bertegrot jout it plak oan dêr't Jezus berne is

Basilyk fan Konstantyn (327–529 of 556)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste basilyk op it plak waard yn opdracht fan Helena fan Konstantinopel, de mem fan keizer Konstantyn I, boud. It wurk sette yn 327 ûnder tafersjoch fan biskop Makarios fan Jeruzalim útein en waard in pear jier letter foltôge. Al yn 333 waard de tsjerke besocht troch de pylger fan Bordeaux en de wijing fan it gebou fûn offisjeel op 31 maaie 339 plak. De bou fan dy iere tsjerke makke diel út fan in folle grutter bouprogramma dat folge op it earste Konsily fan Nicea ûnder it regear fan Konstantyn mei as doel tsjerken te bouwen op plakken, dy't in grutte rol spile hiene yn it libben fan Jezus. Yn 529 of 556 baarnde de tsjerke by ien fan de Samaritaanske opstannen út.

Basilyk fan Justinianus

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De weropbou fûn plak yn de hjoeddeiske struktuer yn 565 yn opdracht fan de byzantynske keizer Justinianus I. By de ynfaazje fan de Perzen ûnder Khusro II waard Jeruzalim yn 614 ynnommen, mar de Bertetsjerke oerlibbe it kriichsgeweld. Neffens in leginde rekke de Perzyske kommandant sa oandien by it sjen fan in ôfbyld fan de Trije Wizen yn de klean fan Soroästryske preesters boppe de tagong, dat er opdracht joech de tsjerke te sparjen.

Mozaïeken

Yn de tiid fan de krúsfarders waarden yn de tsjerke ferskate kenings kroand. De krúsfarders makken de tsjerke moaier en restaurearren it kompleks, dêr't se mei troch gyngen oant 1169.

De ierdskoddings fan 1834 en 1837 brochten skea oan de tsjerke. Healwei de 19e iuw wie de tsjerke en it omlizzende gebiet yn ferfal. De tsjerke stie bleat oan plondering en in grut part fan de moarmeren flier waard troch de Turken oerbrocht nei oare gebouwen yn 'e omkriten, lykas de moskee op de Timpelberch. De sulveren stjer dy't it krekte berteplak fan Jezus oantsjut waard yn 1846 út de Bertegrot stellen. De tsjerke stie ûnder kontrole fan it Osmaanske Ryk, mar om krysttiid 1852 twong Napoleon III de Turken om Frankryk as soevereine autoriteit oer de kristlike hillige plakken fan it Hillige Lân te erkennen. De sultan fan Turkije liet de sulveren stjer fan de grot ferfange, kompleet mei in Latynske ynskripsje, mar it Russyske Keizerryk focht de Frânske autoriteit mei súkses oan: de Turken namen ôfstân fan it ferdrach mei Frankryk en joegen de otterdokske Griken de autoriteit oer de hillige plakken. De lokale spannings namen dêrtroch ta en it fiede it konflikt tusken Ruslân en it Osmaanske Ryk oer de kontrole fan de hillige plakken yn de kontrijen.

20e iuw - hjoeddedei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Pylgers

Yn april 2002 sletten by de Twadde Intifada likernôch 50 wapene Palestynske striders harren op yn de tsjerke en holden dêr mear as 200 muontsen en palestynske boargers as giselder, brûkten guon dêrfan as minsklik skyld en brochten grutte fernielings oan de tsjerke oan. De Israelyske Ferdigeningskrêften forsearren út respekt foar it hillichdom gjin tagong ta de tsjerke, mar besochten in ein te meitsjen oan de giseling troch it befoarrieden fan de terroristen ôf te snijen. Ek soargen se der foar dat de striders gjin kommunikaasje mei de bûtenwrâld ûnderhâlde koene. It belis duorre 39 dagen en einige op 10 maaie nei bemiddeling fan de EU. Nei't earder op 30 april al in grutte groep Palestijnen de tsjerke ferlitten hie waard in tal striders ferballe nei Gaza, wylst de saneamde "Bende fan Trettjin" ûnderdak krige yn in tal EU-lannen.[1][2]

It Italjaanske bedriuw Piacenti en de Community Development Group wurkje sûnt 2013 oan de restauraasje fan de Bertetsjerke. By de restauraasje fûnen Italjanen yn 2016 in mozaïek fan in ingel, dy't ûnder in laach stúkwurk skûlgyng.[3]

Ikonostase

De tagong ta de tsjerke is troch de saneamde "Doar fan de Nederigens", dy't tsjintwurdich folle lytser is as eartiids. De midsiuwske gouden mozaïeken, dêr't de muorren eartiids mei oerdutsen wiene, binne tsjintwurdich foar in grut part ferdwûn.

Under de flier lizze dielen fan de mozaïekflier mei geometyske foarmen út de byzantynske tiid fan de 4e iuwske basilyk. De flier wurdt by de lêste restauraasje foar in grut part wer foar it sicht helle.

De 44 pylders tusken de sydskepen en it middenskip binne foar it measte oarspronklik en datearje út de 4e iuwske basilyk. In soad pylders binne yn de krúsfarderstiid beskildere mei ôfbylden fan de Jongfaam Marije, hilligen en kenings.

It eastlik ein fan de tsjerke wurdt ôfsletten troch in ferhege koer en in apsis, dêr't in grutte fergulde ikonostase stiet.

Troch it hiele gebou hinne hingje in grut tal godslampen.

It iepen plafond leit de houten spanten bleat, dy't net lang lyn binne restaurearre. By in 15e iuwske restauraasje waarden beammen brûkt, dy't troch kening Edward IV skonken wiene. Edward IV skonk oan de tsjerke ek it lead om it dak te bedekken, mar dat lead waard der troch de osmaanske Turken ôfhelle om it om te ranen foar munysje yn de kriich tsjin Feneesje.

Oan beide kanten fan it koer liedt in trep nei de Bertegrot.

Bertegrot

De Bertegrot ûnder it haadalter foarmet de krypte fan de tsjerke en is tagongkik oer de treppen oan wjerskanten fan it koer. De grot makket diel út fan in hiel netwurk fan grotten, dy't tagonklik binne fanút de oangrinzgjende Katharinatsjerke. De gong dy't de grot mei oare grotten ferbynt is ornaris ôfsletten.

De grot hat in eastlike nis dat it plak is dêr't Jezus berne is. It krekte plak wurdt mei in 14-puntige stjer ûnder it alter oanjûn mei it Latynske opskrift Hic De Virgine Maria Jesus Christus Natus Est-1717 ("Hjir is út de Jongfaam Marije Jezus Kristus bern-1717"). De stjer waard troch de katoliken yn 1717 yn de moarmeren flier lein, mar yn 1847 stellen (mooglik troch de Griken) en ferfongen troch de Osmaanske oerheid yn 1853.

It alter fan de berte fan Kristus wurdt beheard troch de Gryksk-otterdokske en Armeensk-apostoalyske tsjerken. De fjirtjin punten fan de stjer wjerspegelje de trije rigen fan generaasjes yn de genealogy fan Jezus: de earste fjirtjin generaasjes fan Abraham oant David, de folgjende fjirtjin fan David oant de Babyloanyske Ballingskip en de lêste fjirtjin oant de berte fan Jezus. Troch it sirkelfoarmige gat yn de stjer kin mei de hân de stien oanrekke wurde wêrfan't sein wurdt dat it de orizjinele stien is dêr't Marije op lei doe't se Jezus op de wrâld brocht.

De katoliken beheare it diel fan de grot dat bekend stiet as de "Grot fan de Krêbe", it tradisjonele plak dêr't Marije har poppe yn de krêbe lei. Foar de "Grot fan de Krêbe" stiet it "Alter fan de Trije Kenings".

Yn 2012 waard de Bertetsjerke de earste Palestynske lokaasje dy't as wrâlderfgoed fan UNESCO ynskreaun waard. De tsjerke waard fanwegen de minne steat ek tafoege oan de List fan Bedrige Wrâlderfgoed.

De Palestynske Autoriteit makke yn 2010 bekend dat der in miljoenen dollars kostjend restauraasjeprogramma op hannen wie. Presidint Mahmoud Abbas wie aktyf belutsen by it restauraasjeprojekt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Basilica of the Annunciation Bible Walks