Springe nei ynhâld

Berjocht oerlis:Universele ynfoboks stêd

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Mei "webside" liket it as had de stêd mar ien side. Ornaris hat it stêd gâns in webstee. Is it net better en brûk dat wurd? Mysha (oerlis)

Goed, yn gefal fan mear as ien side.Drewes (oerlis) 19 jun 2015, 16.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik mis de opsje netnûmer PDZ124169 (oerlis) 15 jun 2019, 20.47 (CEST)[beäntwurdzje]

@Ieneach fan 'e Esk, Kneppelfreed, en Drewes: Dit is in befeilige side dêr't ik net by kin, dus wol ik ien fan jimme freegje of jimme njonken it fjild stedsyndieling in fjild (gemeente)yndieling tafoegje kinne. Wy brûke dizze ynfoboks ek foar doarpen en ik bin nochal ris yn Dútslân oan 'e gong en dêr hawwe de doarpen faak meardere Ortsteile. It wurd stedsyndieling komt wat nuver oer as it om in doarp giet.--RomkeHoekstra (oerlis) 13 mai 2024, 09.17 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ik begryp it hielendal. Ik haw it lemma tafoege. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 13 mai 2024, 14.38 (CEST)[beäntwurdzje]
Tanke!--RomkeHoekstra (oerlis) 13 mai 2024, 15.59 (CEST)[beäntwurdzje]

Kop 2 Polityk

[boarne bewurkje]

@Ieneach fan 'e Esk, Kneppelfreed, Drewes, en Mysha: Kop 2 draacht by dizze ynfoboks de titel Polityk. Persoanlik fyn ik dat Bestjoerslagen de lading better dekt. Gaach eefkes jim miening--RomkeHoekstra (oerlis) 24 okt 2024, 20.35 (CEST)[beäntwurdzje]

@RomkeHoekstra: Ja, Romke, dat komt om't der ek in lemma "Boargemaster" ûnder sit. Persoanlik brûk ik dat noait, want dat is samar efterhelle en dan sit de Wikipedy mei in pear jier grôtfol ferâldere ynformaasje. Mar it lemma sit der wol, en it is miskien wol ynteressant om it te brûken foar in hantsjefol hiele grutte stêden as Amsterdam, Rotterdam, Londen, New York, Parys ensfh. Los dêrfan hawwe jo wol in punt. Mar "Bestjoerslagen" slút dus it lemma boargemaster út. Litte we der oars simpelwei "Bestjoer" fan meitsje, dêrmei beflappe we sawol bestjoerslagen as it boargemastersamt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 okt 2024, 21.01 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik tink "bestjoer" dekt de lading fan sawol de bestjoerslagen en de boargemaster. Kneppelfreed (oerlis) 24 okt 2024, 21.06 (CEST)[beäntwurdzje]
De boargemaster stiet boppe de polityk en oan it haad B&W, ek in besjoerslaach. Fierder bin ik it hielendal mei Ieneach iens dat de namme fan 'e boargemaster better net neamd wurde kin. Ik doch dat ek net want it feroaret te faak en it wurdt - útsein miskien Fryske gemeenten of hiele grutte gemeenten - net byholden. Bestjoer is om my wol goed.--RomkeHoekstra (oerlis) 24 okt 2024, 21.17 (CEST)[beäntwurdzje]
Bêst genôch, dan binne wy derút. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 24 okt 2024, 21.47 (CEST)[beäntwurdzje]