Berjocht oerlis:Tabel leginda riseltaten F1 koereur

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Dei @Ieneach fan 'e Esk:, taalweb jout wol dúdlik "omgong" foar "ronde" as de Fryske wjergader, sjoch hjir. Wat tinke jo deroer? Gr. --Kneppelfreed (oerlis) 23 sep 2021, 21.25 (CEST)[beäntwurdzje]

@Kneppelfreed: Tsja, Kneppelfreed, ik fûn 'omgong' yn earste ynstânsje wat befrjemdzjend klinken foar minsken dy't yn 'e sprektaal altyd 'ronde' sizze (dat doch ik sels ek, hear). Sjoch, it stiet hjir net yn 'e rinnende tekst, dat der is net in protte kontekst dêr't men de betsjutting út helje kin as men dy net fuortendaliks snapt. It moat wol begryplik bliuwe, fansels. Mar miskien falt dat ek wol wat ta. As jo it oanpasse wolle, sil ik der yn elts gefal neat tsjin ynbringe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 23 sep 2021, 22.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Krekt foar de einstreek falt de motor út.[boarne bewurkje]

Hoe stiet dat in de riseltaten? Aliter (oerlis) 5 jan 2023, 19.39 (CET)[beäntwurdzje]

@Aliter dan hat de Koereur de finish net helle yn de grutte priis, mar hat wol 90% fan de race-ôfstân ôflein, wêrtroch't er as klassearre notearre stiet. dat stiet mei in † oanjûn yn de Klasseminten en risseltaten. FreyaSport (oerlis) 5 jan 2023, 20.06 (CET)[beäntwurdzje]
Ja, ik wit wat at de regels binne, mar is de leginda der dúdlik genôch oer? Aliter (oerlis) 5 jan 2023, 21.13 (CET)[beäntwurdzje]
@Aliter dat is seker dúdlik, it stiet net yn dizze leginda, mar it stiet oanjûn yn de klasseminten mei in opmerking ûnderoan. en yn de risseltaten stiet it boppe oan, as it foarkomt bygelyks sa as yn Bachrein 2019. FreyaSport (oerlis) 5 jan 2023, 22.09 (CET)[beäntwurdzje]