Berjocht:Tema:Fryslân/Side fan de moanne/Maaie

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Lânkaart eastfrysk taalgebiet.GIF

It Sealterfrysk is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. It is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk, dat eartiids yn alle Eastfryske lannen fan 'e Iems oant 'e Weser sprutsen waard. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Noardfrysk foarmet it de Fryske taalgroep. t Sealterfrysk wurdt sprutsen yn de gemeente Sealterlân (Dútsk: Saterland), yn it noardwesten fan de dielsteat Nedersaksen, bewesten de stêd Aldenboarch, sa'n fyftich km fan de Nederlânske grins by Nijeskâns ôf. Sealterlân, dat in gebiet fan 123 km² beslacht, heart ta de Landkreis Kloppenboarch, yn de regio Aldenboarger Múnsterlân. It gemeentehûs stiet yn Roomelse. Lês fierder...