Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 51
Ingelân (Ingelsk: England, útspr.: ['ɪŋɡlǝnd], likernôch: "ing-glund") is in dielútmeitsjend lân (constituent country) fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân, dat it súdeastlike diel fan it eilân Grut-Brittanje beslacht. Dat gebiet waard oarspronklik bewenne troch Keltyske stammen, mar kaam nei it Grutte Folkeferfarren yn 'e hannen fan Germaanske stammen, ôfkomstich fan it Jeropeeske fêstelân, dy't meitiid ferraanden ta ien folk, de Angelsaksen. Nei in proses fan ienwurding tusken de ûnderskate Angelsaksyske keninkrykjes kaam yn 927 it feriene Keninkryk Ingelân ta stân, dat oant 1707 fuortbestie, doe't it mei it Keninkryk Skotlân opgie yn it nije Keninkryk Grut-Brittanje.
Yn it koloniale tiidrek waarden de Ingelske kultuer, de Ingelske taal en Ingelske ynstituten lykas de Tsjerke fan Ingelân oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat. De hjoeddeistige kultuer fan lannen as de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje, Nij-Seelân en yn mindere mjitte Súd-Afrika giet foar in grut part werom op Ingelân. Noch folle ynfloedriker wie it Ingelske bestjoerssysteem fan parlemintêre demokrasy, dat him yn 'e Midsiuwen ûntjoech, en dat troch it kolonialisme ek ferspraat is nei it Karibysk Gebiet, Afrika, Yndia en Oseaanje. Ek op it mêd fan 'e wittenskip hat Ingelân op ûnmisbere wize oan 'e skiednis bydroegen, mei't de Yndustriële Revolúsje yn 'e achttjinde iuw yn Ingelân begûn. Hjoed de dei hat Ingelân gjin eigen regear mear en is it inkeld noch in 'lân' yn 'e kulturele sin. Allinnich by beskate sporten, lykas fuotbal en rugby, komt Ingelân noch los fan 'e rest fan it Feriene Keninkryk út.