Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 5
It fûnemint fan de polityk yn Nederlân is de grûnwet, dêr't de steatsynrjochting fan Nederlân yn fêstlein is as konstitúsjonele monargy en desintralisearre ienheidssteat mei in parlemintêre demokrasy. Nederlân is ek in konsensusdemokrasy, wat ynhâldt dat de polityk karakterisearre wurdt troch it besykjen om ta oerienstimming te kommen. De wichtichste politike ynstellings fan Nederlân binne de monargy, de Steaten-Generaal (it parlemint), it regear en it dêrút foarme kabinet. Dêrnjonken binne der de ûnderskate politike partijen dêr't de Nederlânske folksfertsjintwurdigers by oansletten binne, en fierders de saneamde Hege Kolleezjes fan Steat, lykas de Ried fan Steat, de Algemiene Rekkenkeamer en de Nasjonale ombudsman. Behalven de Ryksoerheid ken Nederlân ek twa nivo's fan desintrale oerheden, te witten: de provinsjes en de gemeenten.