Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 29
Scottsdale (Pima: Vaṣai S-vaṣonĭ; Jaky: Eskatel) is in stêd (en gemeente) yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Arizona. It is in foarstêd fan 'e steatshaadstêd Phoenix, en waard yn 1888 stifte yn it eastlike part fan Maricopa County. Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Scottsdale doe in befolking fan goed 230.000 minsken. Dêrmei is it ien fan 'e gruttere plakken binnen de stêdekloft Phoenix, dy't in totale befolking fan 4,3 miljoen hat. Scottsdale is yn 'e Feriene Steaten de 86e stêd rekkene nei ynwennertal. It wurdt ek wol it 'Beverly Hills' fan Phoenix neamd (wêrmei't it him ta dy stêd ferhâlde soe sa't Beverly Hills him ta Los Angeles ferhâldt).
Scottsdale grinzget yn it westen oan Phoenix, Paradise Valley en ûnynkorporearre plattelân; yn it noardwesten oan Carefree; yn it noarden oan it Nasjonaal Wâld Tonto, yn it easten oan Fountain Hills, it Regionaal Park McDowell Mountain en mear ûnynkorporearre plattelân; yn it súdeasten oan it Salt River Yndianereservaat; en yn it suden oan Tempe. Scottsdale is in woltierige stêd mei in soad lúkse hotels, grutte huzen, en tal fan golfbanen, tennisbanen en parken. It klimaat nûget winterdeis út om bûtendoar te ferkearen, mar by 't simmer is it der gleonhjit en kin men midden op 'e dei better yn 'e hûs bliuwe. De stêd stiet bekend om ferskate grutte jierlikse eveneminten, te witten: it Scottsdale Arts Festival, de Scottsdale Arabian Horse Show en de Barrett-Jackson Auto Show.