Springe nei ynhâld

Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 21

Ut Wikipedy

Dubrovnik (Kroätyske útspr.: [du'bro:ʋni:k], likernôch: "dûbroovniik"), histoarysk bekend as Ragusa (of Ragûsa), is in stêd en in gemeente yn Kroaasje, dy't yn 'e lânstreek Dalmaasje oan 'e kust fan 'e Adriatyske See leit. It is ien fan 'e bekendste toeristyske bestimmings yn Kroaasje, en dêrnjonken hat it ek in wichtige funksje as havenstêd en as bestjoerlik sintrum en haadplak fan 'e Kroätyske provinsje Dubrovnik-Neretva. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie de stêd Dubrovnik doe rom 28.000 ynwenners, wylst de gemeente in befolking fan krapoan 43.000 minsken hie.

Fan 'e fjirtjinde iuw oant 1808 wie Dubrovnik as de Republyk Ragûsa in ûnôfhinklike steat. Yn 1667 waard de stêd by in ierdbeving fierhinne ferwuostge. De âlde binnenstêd waard yn 1979 opnommen op 'e Wrâlderfgoedlist fan 'e UNESCO. Yn 1991 waard Dubrovnik ûnder de Kroätyske Unôfhinklikheidsoarloch lange tiid belegere troch troepen fan it Joegoslavyske Folksleger, dy't mei artillerybesjittings oansjenlike skea yn 'e stêd oanrjochten. Yn 1996 fûn deunby by de stêd de Fleanramp fan Dubrovnik plak.

Lês fierder