Berjocht:Side fan de wike 2019/wike 11
Appearance
Toronto (Ingelske útspr.: [tə'rɒntoʊ], likernôch "tuh-ran-too"; pleatslik ek wol [tə'rɒnoʊ], "tuh-ran-noo") is de grutste stêd fan Kanada en de haadstêd fan 'e provinsje Ontario. Bestjoerlik is it in distriktfrije gemeente dy't offisjeel de City of Toronto hjit. Mei in befolking fan mear as 2,7 miljoen minsken is it boppedat de op trije nei grutste stêd fan Noard-Amearika, nei Meksiko-Stêd, New York en Los Angeles. As stêdekloft, mei alle foarstêden meirekkene, telt it saneamde Grut-Toronto sels goed 5,9 miljoen ynwenners. Toronto, dat yn 1793 stifte waard, leit oan 'e Ontariomar, ien fan 'e fiif Grutte Marren. It is tsjintwurdich in wrâldstêd en in ynternasjonaal sintrum op it mêd fan hannel, finansiering, de skiene keunsten en kultuer.