Bep Turksma

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Hulda Elisabeth (Bep) Turksma (Rotterdam, 11 maaie 1917Antwerpen, 21 septimber 1987) wie in Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch en ien fan de 48 froulike Ingelânfarders.

Turksma wie de âldste dochter fan de joadske keapman David Simon Turksma en Sara Israël Katan. Heit stoar doe't hja sechtjin wie.

Oarlochsjierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Twadde Wrâldoarloch rekke Turksma belutsen by it Delftsk studinteferset. Op 10 septimber 1942 waard se arrestearre.[1] en nei kamp Westerbork brocht. Sy wie learling-ferpleechster en waard dêr nachtferpleechster. Sadwaande hie se genôch frijheid op trije moanne letter te ûntkommen en fuortendaliks ûnder te dûken.

Op 8 febrewaris 1943 ferliet se Nederlân en gie mei de trein nei Parys, sûnder swierrichheden.
Dêr bleau se oant 27 maart. In Frânske frou brocht har oer Bordeaux nei Langon, dêr't se de demarkaasjeline mei Vichy-Frankryk oerset waard. Op 1 april waard Turksma lykwols oanholden yn Pau. Sy siet in moanne fêst en waard doe nei it kamp yn Gurs brocht. Ein maaie 1943 slagge it hat har en flechtsje. Yn Lyon krige se nije falske papieren. Op 17 septimber ferfear se nei Mauléon. In passeur brocht har oer de Pyreneeën. Yn Isaba waard se opnij arrestearre en yn Pamplona fêstholden, mar op 14 oktober mocht se har reis nei Madrid ferfolgje. Op 13 april 1944 koe se nei Lissabon reizgje om op 17 april nei Ingelân te fleanen. Yn Londen waard se gastfrou yn sosiëteit Oranjehaven.

Nei de oarloch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de oarloch fernaam Turksma dat har broer Salomon, dy't as pasjint yn Het Apeldoornsche Bosch opnaam wie, yn jannewaris 1943 yn Auschwitz fermoarde wie, en har mem yn juny 1943 yn Sobibor.
Se waard sekretaresse fan it Nederlands-Indisch Rubberfonds yn Yndoneezje, en dêrnei sekretaresse fan de Nederlânske ambassades yn Lima, Warsjau en Nairoby. Om reden fan sûnens moast se werom nei Nederlân en gie dêr oan it wurk foar it departemint fan Bûtenlânske Saken. Yn 1966 stichte Turksma yn Baarn in oplieding yn it sels meitsjen fan haute couture neffens in metoade dy't se yn Perû fan in Argentynske learares leard hie.[2] Wilens hie se har oarlochsûnderfiningen op papier set en woe dy yn 1958 publisearje. Se fûn doe lykwols gjin útjouwer en oardiele sels yn 1966 dat it "een heel slecht boek" wie.[2] Mei troch it omtinken dat de Weinreb-affêre dêrnei luts, waard har manuskript yn 1971 dochs publisearre ûnder de titel Vraag me niet waarom ....

De Weinreb-affêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Friedrich Weinreb skreau yn "Het Land der Blinden" (1969), it earste diel fan syn memoires Collaboratie en Verzet, dat er yn septimber 1942 ferret wie troch in joadsk famke dat Bep Turksma hjitte. Yn juny 1969 liet Turksma yn it Nieuw Israelietisch Weekblad skreauwe dat hja nea kunde oan Weinreb hân hie.[3] Yn wat letter de Weinreb-affêre hjitte soe, waard Turksma ûnder oaren stipe troch Willem Frederik Hermans. De rjochtsaak dy't se tsjin Weinreb en Renate Rubinstein oanspande ferlear se, mar in 1976 waard hja yn in rapport fan it Ryksynstitút foar Oarlochsdokumintaasje frijpleite fan alle oantigings.

Turksma wenne oan de ein fan har libben yn Antwerpen-Berchem, dêr't se yn de âldens fan 70 jier stoar.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Turksma, Bep - Vraag me niet waarom ...: het avontuurlijke oorlogsverhaal van een jonge Nederlandse jodin (1971), útjouwerij Het Wereldvenster, mei foarwurd fan Mathieu Smedts

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Hoewel ik inderdaad op de door hem genoemde datum ben gearresteerd, waren de omstandigheden volledig verschillend dan door Weinreb en Rubinstein beschreven.", Bep Turksma yn Koning Holleweinreb, fan M. Gruys-Hildesheim, yn: Haagse Post 25 maart 1970; sitearre yn Het land der Blinden, fan C. J. W. Jansen. Weinreb neamde 10 septimber 1942; sjoch Friedrich Weinreb Collaboratie en Verzet 1940-1945, haadstik 23
  2. 2,0 2,1 Bep Turksma en “haute couture”: Huisvrouwen “lessen” in Baarn, fan Monique Floor, Leeuwarder Courant 12 novimber 1966, s. 29
  3. Veel achtergrond over de Antillen, rubryk WEEKBLADeren, Nieuwsblad van het Noorden, 6 juny 1969